Manasse fan Juda

Ut Wikipedy
Kening Manasse fan Juda (neffens in 17e iuwsk skilderij yn de Sankta Maria kyrka, Åhus (Sweden)

Manasse (Hebriuwsk: מְנַשֶּׁה) folge yn it jier 687 f.Kr. yn 'e âldens fan tolve jier syn heit Hizkía op as kening fan it keninkryk Juda.

Bibelske skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Bibel kart yn skerpe wurden it religieuze belied dat kening Manasse earstoan trochsette ôf. Hy liet him yn mei de praktiken fan de folken dy't earder yn it gebiet wennen en trune syn folk oan dat ek te dwaan. De offerhichten en ôfgodsbylden dy't syn heit ferwidere litten hie, waarden troch Manasse werom brocht. Ek liet de kening him yn mei boppenatuerlike saken en wiersizzerij. Manasse ûnthillige de timpel mei in byld fan Asjeara en ferbaarnde sels syn soan by wize fan offer. Boppe dit alles kaam noch de ferfolging fan de oanhingers fan de God fan Israel: hy fergeat ûnskuldich bloed en wol safolle dat de strjitten fan Jeruzalim read kleurden. De profeten warskôgen jimmeroan, mar harren wurden foelen op droege grûn en hja waarden ombrocht troch it swurd.[1][2][3]

It berou fan Manasse

Doe liet God neffens it bibelboek Kroniken it leger fan Assyrje op Juda ôfstjoere. Kening Manasse waard de boeien oanlein en meifierd nei Babel. Dêr soe de kening ta ynkear kommen wêze en syn help socht ha by de God fan Israel. Yn it apokrive "Gebed fan Manasse" steane yn fyftjin fersen de wurden fan it boetfeardige gebed fan kening Manasse fan Juda. De smeekbea fan Manasse waard ferheard en Manasse waard wer frijlitten. Werom yn Juda liet er om de Davidsstêd in nije muorre bouwe, hy stelde legeroanfierders oan yn de festingstêden en ferwidere it ôfgodsbyld wer út de timpel. It bibelboek Keningen makket lykwols gjin melding fan dizze bekearing fan Manasse.[4]

It regear fan Manasse duorre 55 jier, de langstse regearperioade yn de skiednis fan Juda. Nei't Manasse ferstoar waard er opfolge troch syn soan Amon.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 Keningen 21
  2. 2 Kroniken 33:1-10
  3. Jeremia 2:30
  4. 2 Kroniken 33:11-19