Malaria

Ut Wikipedy
    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
In ynfektearre reade bloedsel
Lannen dêr't malaria hearsket

Malaria is in ynfeksjesykte dy't troch fjouwer ferskillende Plasmodiae, spoarebistjes, feroarsake wurdt en benammen yn moerassige kriten foarkomt. Alle jierren stjerre der sawat 1 miljoen minsken oan de sykte, wêrfan in grut part bern oant en mei 5 jier. In mins kin ynfektearre wurde troch in miggebeet, meastal nachts.

Yn Nederlân kaam oant yn de 19e iuw in lânseigen fariant fan malaria foar.

Symptomen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei in ynkubaasjetiid fan likernôch 2 wiken krijt de ynfektearre minske lêst fan pineholle, lichte koarts, de knieren dogge wat sear, in ûnpaslik gefoel mei koarjen en diarree. Dêrnei boazet de sykte oan mei koartsoanfallen, bloedearmoed, gielsucht en mooglik noch oare symptomen.

Previnsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • DEET
  • Klamboe, leafst ympregnearre

Medisinen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Kinine
  • Glorokuïne
  • Meflokuïne

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]