Majdanek

Ut Wikipedy
Majdanek op in kaart mei Nazy-ferneatigingskampen yn beset Poalen

Majdanek (offisjele namme: Kriegsgefangenenlager der Waffen-SS Lublin en fan febrewaris ôf 1943 Konzentrationslager Lublin) wie in Nazy-konsintraasje- en ferneatigingskamp yn East-Poalen. It kamp waard fanwege Heinrich Himmler yn 1941 boud op sa'n fjouwer kilometer fan it sintrum fan de stêd Lublin.

It kamp waard yn it wurk holden fan 1 oktober 1941 oant 22 july 1944.

Tal deaden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoefolle minsken yn Majdanek it libben ferlearen is net bekend. Lykas ek op oare plakken ferneatigen de nazy's alle dokumintaasje en wat der oer wie soe neffens guon ûndersikers meinaam wêze troch it Reade Leger en net mear frijjûn wêze. It tal deaden wurdt rûsd op in lytse 100.000 oant goed in mijoen, mar nei ûndersiken yn letter jierren waard it tal in stik leger. Ut ûndersyk yn 2005 die bliken dat it deadetal minstens 78.000 west hawwe moat, dêr't 59.000 fan Joaden wiene. [1]

Museum Majdanek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oarloch is Lublin bot waakst. Majdanek lei yndertiid ticht by Lublin, mar leit no yn de stedshimrik. Majdanek is no in museum, wat der noch oerbleau binne in tal barakken, twa gaskeamers, it krematoarium en wenten fan de SS. Al yn 1944 waard besletten om it kamp te bewarjen en der in museum fan te meitsjen.

Konsintraasjekamp Majdanek

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kranz, Tomasz (2005), Ewidencja zgonow i smiertelnosc wiezniow KL Lublin, 23, Lublin: Zeszyty Majdanka, s. 7–53