Magnus Maksimus

Ut Wikipedy
Magnus Maximus op in solidus

Magnus Maksimus (Latyn: Magnus Maximus, (sa. 33528 augustus 388) wie keizer oer it westlik diel fan it Romeinske Ryk fan 383 oant syn dea yn 388. Yn de skiednis wurdt er sjoen as de lêste keizer fan it westen dy't oer in soad macht beskikte.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maksimus wie berne yn Spanje, mooglik yn it jier 335. Oer syn iere libben witte wy neat, hy ferskynt yn de skiednis likernôch 369, as hy ofsier is ûnder Teodosius de âldere. Yn dat jier waard Teodosius der op útstjoerd troch keizer Falentinianus I om in opstân yn Brittanje del te slaan. Fierder giet hy mei Teodosius op fjildtocht nei Raatsje en Afrika om tsjinstanners fan de keizer te befjochtsjen. Yn 376 wie hy yn it Donaugebiet om ta te sjen op it ferrin fan it folkeferfarren fan de Goaten, dat folk waard fuortjage troch Atilla de Hun en hie by keizer Falens om asyl frege. Mooglik wie Maksimus ek oanwêzich by de Slach by Adrianopel, dêr't keizer Falens en in grut part fan it East-Romeinske leger ôfslachte waard.

Om 380 hinne waard Maksimus beneamd as "comes Britanniae" (militêre bestjoerder) fan de provinsje Brittanje. Yn de kriich tsjin de ynfallende Skotten en Pikten is er tige suksesfol en makket yn 381 in ein oan harren ynfallen. Twa jier letter, yn 383 komt it leger yn Brittanje yn opstân en waard Maksimus ta keizer útroppen. Maksimus sette fuort ôf nei Galje om tsjin keizer Gratianus op te lûken. Bûten Parys kaam it ta in fjildslach dy't troch Maksimus wûn waard. Gratianus waard fiif dagen letter troch syn soldaten ferret (û.o. troch generaal Mallobaudes) en flechte. Maksimus syn magister equitum Andragatius efterfolge Gratianus en deade him op 25 augustus dat jier.

Bewâld (383-388)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maksimus makke Augusta Treverorum (Trier) ta syn haadstêd yn Galje. Hy woe lykwols mear en sammele in leger om Itaalje yn te fallen. Safier kaam it net, want biskop Ambrosius koe him hjirfan ôfhâlde, en magister militum Bauto hie de alpenpassen ûndertusken fersterkje litten. Dêrnei waard der in oerienkomst sletten wêryn Falentinianus II en Teodosius, Maksimus erkenden as mei-keizer en wêrby Maksimus Falentinianus gewurde litte soe. Yn 384 beneamde Maksimus syn pakesizzer Flavius Fiktor as mei-keizer.

It regear fan Maksimus ferrûn rêstich. Hy wie frij populêr by it folk, wylst hy tsjin ketters hurd optrede.

Yn 387 foel Maksimus jit Itaalje yn en ferjage keizer Falentinianus II nei it easten. It jier dêrop kaam Teodosius mei in leger om him fuort krijen en yn de simmer fan 388 waard Maksimus ferslein yn de slach oan de Sava. Hy waard finzen nommen en deamakke.

Maksimus' hearskippij soe de foarboade wurde foar wat letter it West-Romeinske ryk te wachtsjen stie. In protte gedoch tusken de tsjerke en de keizer, generaals dy't it foar it sizzen hienen en barbaarske folken dy in grut part fan de legers útmakken. Magnus Maksimus wie feitlik de lêste keizer yn it westen mei in soad macht. Falentinianus II, dy't nei Maksimus' dea weromkaam as keizer yn it westen, hie net folle te sizzen, de generaals fan it leger treden hieltyd faker op de foargrûn.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]