Madison Parker

Ut Wikipedy
Madison Parker
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Madison, Medison, Zsannett,
Barbara Bonita
echte namme Zsannett Fröschl
nasjonaliteit Hongaarsk
berne 21 juny 1989
berteplak Boedapest (Hongarije)
etnisiteit Dútsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20072012
offisjele webside
www.madisonparker.eu

Madison Parker, echte namme: Zsannett Fröschl (Boedapest, 21 juny 1989), is in rêstend Hongaarsk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Dútsk komôf, dy't ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Madison, Medison, Zsannett en (op websiden) Barbara Bonita. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m, mei in gewicht fan 51 kg.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Madison Parker is hikke en tein yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest. Yn 2007, doe't se achttjin jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Sûnt spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn hast 160 pornofilms. Yn 2008 ferfear se nei de Feriene Steaten, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Dêr wurke se û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, New Sensations, Wicked Pictures, Jules Jordan Video, Zero Tolerance, Diabolic Video en Digital Playground.

Ek wurke Parker in protte foar pornowebsiden, lykas Twistys en Pure18.com. Hja sleepte trije nominaasjes yn 'e wacht foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld), en ien foar in Hot d'Or, de wichtichste Jeropeeske pornografypriis. Yn 2012 loek se har werom út 'e pornoyndustry.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2009 Hot d'Or nominearre bêste Jeropeeske stjer n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste bûtenlânske artyste fan it jier n.f.t.
nominearre bêste groepsekssêne (mei Andi Anderson, Adrianna Nicole, Bobbi Starr, Toni Ribas en Michael Stefano) Evil Anal 10
2011 AVN Award nominearre bêste anale sekssêne (mei Erik Everhard) Don't Make Me Beg 3

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.