Ludolf Rasterhoff

Ut Wikipedy
Boargemaster L. Rasterhoff (1950)

Ludolf Rasterhoff (Leens, 7 april 1905 - Snits, 6 maaie 1975) wie in Nederlânsk politikus fan de Kristlik-Histoaryske Uny (CHU), fersetsman yn de Twadde Wrâldoarloch en earder boargemaster fan Snits.

Libbensrin en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rasterhoff waard op 7 april 1905 berne yn it Grinslanner doarp Leens en waard lid fan de Kristlik-Histoaryske Uny. Yn Leens, Adorp en Sappemeer wurke er op de gemeentekantoaren. Yn 1929 kaam er nei Snits dêr't er beneamd waard as adjunkt-kommys op de sekretary fan de destiidske Gemeente Snits, dêr't hy kaam te wurkjen ûnder gemeentesekretaris Pieter Sikkes. Sikkes soe in learmaster wurde foar Rasterhoff, dy't úteinlik sels op 12 july 1939 beneamd waard ta gemeentesekretaris.

Twadde Wrâldoarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Snitser Bloednacht stie Rasterhoff op de deadelist fan de Dútsers. Yn dy nacht, fan 13 op 14 july 1944, waard Rasterhoff yn syn hûs yn syn efterholle sketten troch de hantlangers fan 'e besetter. Trochdat er him dea hâldt, setten de skutters ôf. Swierferwûne waard Rasterhoff oerbrocht nei it Sint Antonius Sikehûs. Hy knapte op fan syn ferwûnings yn in skûlplak yn Toppenhuzen. Fjouwer oare Snitsers fûnen dy nacht wol de dea.

Boargemaster fan Snits[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 15 april 1945 waard de stêd Snits befrijd fan de Dútskers. Dy dei waard Rasterhoff belêste mei it amt fan waarnimmend boargemaster fan de stêd, neidat NSB-boargemaster Jacob Rudolf Johann Schut ôfsetten wie. Yn 1946 waard er beneamd ta boargemaster. Rasterhoff soe it amt oant 1 maaie 1970 ferfolje en is oant de dei fan hjoed tige bemind troch de Snitser befolking. Syn ôfskied yn 1970 barde yn de Snitser Sporthal en rûn út op it grutte triomftocht yn in iepen koets troch de stêd.

Bestjoerskundige[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Rasterhoff stie bekend as grut deskundige op t mêd fan iepenbier bestjoer en administratyf rjocht. Hy skreau ûnder mear De Onderwijswetgeving en bewurke Het lidmaatschap van de raad. Dêrtroch krige er grut oansjen op dit mêd. Ek wie Rasterhoff anneks by de opset fan de ambtenarenoplieding, wêrfoar't syn bydrage tige achte wurdt. De Bestjoersakademy foar Fryslân, dêr't er jierrenlang direkteur fan wie, waard yn 1960 nei him neamd.

Tusken novimber 1971 en novimber 1972 wie Rasterhoff noch aktyf as waarnimmend boargemaster fan Sleat. Yn syn karriêre wie hy boppedat foarsitter fan de Feriening foar Frjemdlingen Ferkear yn Snits en bestjoerslid fan de Stichting Kolmarslân.

Ferstjerren en betinking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de nacht fan 5 op 6 maaie 1975 ferstoar Rasterhoff yn Snits. Fan syn ferstjerren waard mei grutte spyt kennisnommen troch de Snitser befolking en -polityk. Boargemaster Bernhardus van Haersma Buma, dy't Rasterhoff opfolge, rôp de gemeenteried fan de stêd op 7 maaie 1975 yn in ekstra sitting gear. "Ludolf Rasterhoff, de Groninger, was in zijn leven en werk onlosmakelijk verstrengeld met de stad Sneek, met de gemeente, de gemeenschap die hij vijfentwintig jaar als burgemeester heeft gediend," sei Van Haersma Buma. "Hij streefde naar een vaste lijn in het bestuur, in onafhankelijkheid, bekend met de schaduwzijde die het ambt van burgemeester met zich meebrengt, een zekere eenzaamheid."

Ferneamings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd Sneek earet Rasterhoff mei ferskate ferneamings. It swimbad dêre waard yn 1980 nei him ferneamd ta Rasterhoffbad. Yn 2005 waard in stedspark nei him ferneamd ta Rasterhoffpark. En de earder neamde Bestjoersakademy foar Fryslân is nei him neamd yn 1960.

Bibliografy (karút)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Wetgeving betreffende het onderwijs, Alfen oan de Ryn, 1948
  • Tussen leeuw en wildeman. 500 jaar Sneker Stadsrechten, Snits, 1956
  • Het lidmaatschap van de raad, Snits

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Pieter Wijbenga, 'Bezettingstijd in Friesland, deel II pag. 257'