Lucas Achtschellinck

Ut Wikipedy
Lucas Achtschellinck, rivierlânskip mei bisten

Lucas Achtschellinck (Brussel, doopt 16 jannewaris 1626 - dêre, beërdige 12 maaie 1699) wie in Brusselsk lânskipsskilder út de baroktiid.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Achtschellinck waard op 26 oktober 1639 ynskreaun yn it Brusselske skildersgilde as learling fan Peter van der Borcht. Men nimt oan dat er tusken 1639 en 1657 in soad reizge en earst yn 1657 gildemaster waard.

Achtschellinck waard tige beynfloede troch Jacques d'Arthois, in learling út de Rubensskoalle. Hy skildere foaral grote bosklânskippen foar tsjerkegebouwen en kleasters. Dizze lânskippien waarden troch oaren fierders ôfwurke mei figueren en tafrelen út de bibel. Achtschellinck skildere ek ferskate lânskippen yn de skilderijen fan Gaspar de Crayer. Hy foarme mei Lodewijk de Vadder en Jacques d'Arthois de sahjitten Zoniënwoudskilders, de op dat stuit foar master opslaande groep fan Brusselske lânskipsskilders. Ien fan syn learlingen wie Theobald Michau.

Op 13 maart 1674 boaske er oan Anna Parys.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wurk fan Achtschellinck is te sjen yn de katedraal an Sint-Michiel en Sint-Goedele yn Brussel, yn it Groeningemuseum yn Brugge en yn museums te Dresden en Berlyn.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ad. Siret, Luc Achtschellinck yn de Biographie Nationale, diel 1, kol. 14, Brussel, 1866