Leonid Pasternak

Ut Wikipedy
Selsportret, 1908

Leonid Osipovitsj Pasternak (Russysk: Леони́д О́сипович Пастерна́к) (Odessa, 4 april 1862 - Oxford 31 maaie 1945) wie in Joadsk-Russysk keunstskilder. Hy wie de heit fan skriuwer-dichter Boris Pasternak.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pasternak wie in soan fan in Joadske herbergier, de jongste fan seis bern, en hie as bern al in soad niget oan tekenjen en skilderjen. De earste dy't syn wurk kocht wie in strjitfeier, hy wie doe sân jier. Fan 1881 oant 1885 studearre er oan de medyske fakulteit fan de Universiteit fan Moskou, mar noch foar syn ôfstudearjen gie nei de Akademy foar Byldzjende Keunsten yn München. Dêr makke er syn stúdzjes ôf yn 1887, gie werom nei Ruslân en waard keunstskilder.

It earste skilderij dat er útstalde waard kocht troch de bekende keunstsamler Pavel Tretjakov, de wichtichste keunststiper yn Ruslân fan dy tiid. Syn namme as skilder krige rillegau klank. Hy waard lid fan de Polenov-rûnte (mei ûnder oaren Valentin Serov, Isaak Levitan, Michail Nesterov en Konstantin Korovin), en letter ek fan de keunstnersbewegingen Peredvizjniki (‘swalkers’) en Mir Iskoesstva (‘Wrâld fan de keunst’). Syn iere wurk is noch frijwat realistysk, mar letter wurdt er fral rekkene ta it postympresjonisme. Hy dosearre oan de ‘Keizerlike Hegeskoalle foar Skilderkeunst, Byldhoukeunst en Arsjitektuer’.

Yn 1889 troude Pasternak mei de pianiste Rosa Kaufman, dochter fan Isidor Kaufman, in Joadske fabrykseigner. Sy krigen fjouwer bern dêr't Boris Pasternak de âldste fan wie (Moskou, 1890). Pasternak wie befreone mei skriuwer Leo Tolstoj, dy't er faak skildere op syn bûtenpleats Jasnaja Poljana en foar wa't er ferskate wurken yllustrearre. Foar de yllustraasje fan de roman Oarloch en Frede krige er in gouden medalje by de Wrâldtentoanstelling 1900 yn Parys.

Yn 1921 reisgen Pasternak en de frou nei Berlyn foar in eachoperaasje en hy besleat lang om let om dêr te bliuwen, syn soannen Boris en Alexander bleaune yn Ruslân efter. Yn 1938 flechte er foar de nazi's nei Ingelân, dêr't er op 31 maaie 1945 yn Oxford stoar.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]