Kornysk

Ut Wikipedy
De grins fan it Kornysk ferskode tusken 1300–1750, de befolking naam starichoan it Ingelsk as deistige taal oer.
Cornwall yn 't Kornysk en Ingelsk

Kornysk (Kornysk: Kernowek; Ingelsk: Cornish) is in Keltyske taal út Cornwall. De taal is nau besibbe oan it Welsk en it Bretonsk. It wie sirka 1800 útstoarn, mar is yn de tweintigste iuw wer keunstmjittich ta libben brocht. John Davey fan Zennor wurdt as de lêste oarspronklike sprekker fan it Kornysk beskôge; hy stoar yn 1891.

De lêst bekende persoan dy't allinnich Kornysk sprekke koe is, nei't men tinkt, Chesten Marchant, dy't yn 1676 stoar yn Gwithian. It is net bekend hoenear't hja berne is. William Scawen skriuwt yn ± 1680, dat Marchant mar in bytsje begryp fan it Ingelsk hie (en dat hja twaris troud west hat).[1]

It brief fan William Bodinar út 1776 is wierskynlik it lêst skreaune Kornysk troch in oarspronklik Kornysk sprekkende persoan.[2] De tekst is ek nijsgjirrich foar sosjologen omdat Bodinar it hat oer de doetiidske posysje fan it Kornysk.

Om 1900 hinne ûntwikkele Henry Jenner syn ferzje fan wat hy Ienheids Kornysk neamde. Hy basearre him op in lyts tal midsiuwske toanielstikken; dit hat laat ta in yn 1958 ferskynd learboekje, Cornish for All, skreaun troch Jenner syn neifolger Robert Morton Nance.

Anno 2005 wurdt de taal troch inkelde tûzenen minsken sprutsen en binne der sels guons fan ûnder de tritich jier dy't mei it Kornysk grutbrocht binne. It meastepart fan dizze Kornysk sprekkers kinne in ienfâldich petear yn de taal hâlde. Fierders binne der radiostjoerders, kranten en films mei dielen yn 't Kornysk te fergelykjen mei it Frysk yn de Ljouwerter Krante) en der bestiet in beskaat poarsje literatuer, foaral gedichten yn de taal. An Gannas is it ienige folsleine tydskrift yn it Kornysk. Yn 2002 hat de Europeeske Uny it Kornysk as offisjele minderheidstaal erkend.

Professor Glanville Price kritisearre de weropstanning fan dizze taal, mei as ienfâldige reden dat sy faaks foar de helte optocht is. Oan de iene kant sprekt it fansels dat der wurden foar moderne apparatuer en produkten útfûn wurde moasten, oan de oare kant binne de boarnen dêr´t men de grammatika op basearre sa fragmintarysk, dat in protte grammatikale foarmen op wierskynlikheidsredenearingen en op fergelikingen mei besibbe talen reste. Boppedat rekonstruearre men de taal oan de hân fan literatuer út de bloeitiid, dat wol sizze mei teksten fan foar it teloargean en de marginalisearring dy´t al om 1300/1350 ynset wêze moat. Tusken dy perioade en de dea fan John Davey fan Zennor leit in hiaat fan inkelde iuwen, dêr't hast gjin literatuer yn fuortbrocht waard. Sa redenearre hat Price it leaver oer ´Korsk´ ynstee fan ´Kornysk´.

Neist ûnwissens oer de grammatika is ek de oarspronklike útspraak net wier bekend. Men moat dan ek fêststelle dat it moderne rekonstruearre Kornysk op syn bêst ynspirearre is troch it oarspronklike Kornysk.

Farianten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne fjouwer farianten fan it Kornysk, dy't meast ferskille troch de wize fan rekonstruksje:

  • It feriene Kornysk (Kernewek Unyes), waard ûntwurpen troch Robert Morton Nance en A.S.D. Smith; in wurdboek waard yn 1929 publisearre.
  • Modern Kornysk (Kernuack Nowedga), troch Richard Gendall yn it begjin fan de jierren 1980; it brûkt de op it Ingelsk basearre ortografy út de 17e en 18e iuw.
  • Algemien Kornysk (Kernewek Kemmyn), troch Ken George (1986).
  • Op 'en nij Feriene Kornysk (Kernowek Unys Amendys), is in oanpassing oan nijer ynsjoch troch Nicholas Williams yn 1997.

Priuwke fan it Kornysk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stavering en útspraak neffens de Standert Skraune Foarm:

Kornysk Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet Ingelsk Frysk
Myttin da [[ˈmɪttin ˈdaː]]? "good morning" '(Goe)moarn'
Dydh da [[ˈdɪːð ˈdaː]]? "good day" '(Goe)dei'
Fatla genes? [[ˈfatla ˈɡɛnɛs]]? "how are you?" 'Hoe giet it mei jo?'
Yn poynt da, meur ras [[ɪn ˈpɔjnt ˈdaː mœːr ˈraːs]]? "Well, thank you" 'Goed, tanke'.
Py eur yw? [[ˈpɪː ˈœːr ɪw]]? "What time is it?" 'Hoe let is it?'
Ple'ma Rysrudh, mar pleg? [[ˈplɛː maː ˈrɪzryð mar ˈplɛːɡ]]? "Where is Redruth please?" "Wêr leit Redruth?'
Yma Rysrudh ogas dhe Gambron, heb mar! [[ɪˈmaː ˈrɪzryð ˈɔɡas ðɛ ˈɡambrɔn hɛb ˈmaːr]]? "Redruth is near Camborne, of course!" 'Redruth leit by Camborne fansels'.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Referinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. Ellis, P. B. (1974) The Cornish Language. Londen: Routledge; s. 80
  2. corpus.kernewek.cymru247.net