Klaas de Jong Ozn.

Ut Wikipedy
Klaas de Jong

Klaas de Jong Ozn. (Drachten, 27 febrewaris 1926 - Snits, 28 febrewaris 2011) wie in âld-politikus en bestjoerder. De oantsjutting Ozn. is de ôfkoarting foar "Oebeles soan" en is om ûnderskied te meitsjen mei oare minsken dy 't "Klaas de Jong" hjitte.

De Jong studearre Nederlânsk en skiednis oan de Frije Universiteit Amsterdam. Hy wie fan 1953 ôf learaar yn Dokkum en Goes, foardat hy yn 1972 rektor waard fan it Farel Kolleezje yn Amersfoart. Yn 1975 folge hy Antoon Veerman op en waard hy foar de ARP steatssekretaris fan it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskippen yn it kabinet-Den Uyl.

Yn 1978 hold er dy funksje yn it kabinet-Van Agt/Wiegel foar it CDA.

Yn 1981 trede hy ôf en waard opfolge troch Wim Deetman.

Fan 1982 oant 1991 wie hy foarsitter fan de Uny Skoalle en Evangeelje.

Hy wie lid fan de kommisje fan redaksje fan it Frysk Deiblêd en skreau in boek oer de skiednis fan dy krante:

  • Gods eer zij 't merk van al uw werk. De geschiedenis van het Friesch Dagblad. Deel II (1935-1971). Einredaksje Oek de Jong (2015)
  • Sy sille it net ha. De geschiedenis van het Friesch Dagblad. Diel I (1903-1935) (2003).
  • Efkes ritselt it papier - dichtbondel (1989)
  • Cantus firmus (1991).

Klaas de Jong Ozn is de heit fan de skriuwer Oek de Jong.