Klaarkampstermûne

Ut Wikipedy
Klaarkampstermûne
mûne / mole
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Dantumadiel
plak Rinsumageast
adres Trekwei 11
koördinaten 53° 18' N 5° 56' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
oarspr. gebrûk Bemeallen fan de polder Claerkamp
flecht 16,14 meter
boujier 1862; weropbou 1893 en 1974
oare ynformaasje
eigner Steatsboskbehear
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 11695
Kaart
Klaarkampstermûne (Fryslân)
Klaarkampstermûne

De Klaarkampstermûne is in poldermûne oan de Trekwei tusken de doarpen Rinsumageast en Sibrandahûs yn Dantumadiel.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Klaarkampstermûne is in muonts, dy't nei alle gedachten om 1862 boud waard by de Juckemafeart yn Dantumadiel. Yn 1893 waard de mûne oerbrocht nei it hjoeddeiske stee, ûngefear 800 meter benoarden Rinsumageast. Dêr die de mûne tsjinst om de ± 70 ha grutte 'Klaarkampstermarpolder' te bemeallen.

De mûne waard by de ruilverkaveling fan de gemeente yn 1975 restaurearre. Dêrby waard njonken de mûne in elektrysk gemaaltsje ynstallearre, wêrfan de meterkast yn de mûne setten waard. De houten achtkante mole, mei stiennen fjildmuorren en dekt mei reid hat in flecht fan 16,14 meter.

Yn 1991 waard de Klaarkampstermûne op 'e nij restaurearre, mar yn 2008 wie hy fanwege ûnderhâldsproblemen bûten wurking steld.

De mûne is eigendom fan Steatsboskbehear, dy't dêr in marke mei wat gerslân fan likernôch 15 hektare grut besit. Dat Klaarkampster Mar is bysûnder fanwegen it sâlte wetter.[1] De Klaarkampstermûne kin net besichtige wurde. Steatsboskbehear hat de mûne yn 2012 restaurearre.[2]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: