Kenai-skiereilân

Ut Wikipedy
Kenai-skiereilân
De lokaasje fan it Kenai-skiereilân yn Alaska.
De lokaasje fan it Kenai-skiereilân yn Alaska.
polityk
soarte gebiet skiereilân
lân Feriene Steaten
steat Alaska
borough Kenai Peninsula
   Borough
haadplak Soldotna
grutste plak Kenai
sifers
ynwennertal 56.937 (2010/2018)
oerflak ±23.400 km²
befolkingstichtens 2,4 / km²
oar
tiidsône UTC –9
simmertiid UTC –8
koördinaten 60°10′ N 150°15′ W

It Kenai-skiereilân (Ingelsk: Kenai Peninsula), útspr.: ['ki:na:i], likernôch: "kii-naai", is in grut skiereilân oan 'e súdkust fan 'e Amerikaanske steat Alaska. It is neamd nei de Kenaitze, in stamme fan it Yndiaanske folk fan 'e Tanaina. It Kenai-skiereilân is ien fan 'e tichterbefolke dielen fan Alaska, hoewol't it nei Westjeropeeske mjitstêven noch hieltyd net folle bewenning hat. It leit oan 'e Cook Inlet, in wichtige rûte foar de skipfeart, dy't tagong jout ta de haven fan Anchorage. Bestjoerlik makket it skiereilân diel út fan it distrikt Kenai Peninsula Borough.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Kenai-skiereilân stiket fan 'e súdkust fan 'e Amerikaanske steat Alaska likernôch 240 km nei it súdwesten ta út. Yn totaal beslacht it in oerflak fan likernôch 23.400 km². It wurdt oan trije kanten omjûn troch see: yn it suden troch de Golf fan Alaska, yn it easten troch de Prince William Sound en yn it westen troch de Cook Inlet. Dy lêste see-earm skiedt it Kenai-skiereilân fan Súdwest-Alaska en it Alaska-skiereilân. De Cook Inlet foarmet ek in wichtige rûte foar de skipfeart, mei't er tagong jout ta de haven fan Anchorage, de grutste stêd fan Alaska, dy't krekt benoarden it skiereilân op it fêstelân leit. It Kenai-skiereilân heart geografysk ta de regio Súdlik Sintraal-Alaska en bestjoerlik ta it distrikt Kenai Peninsula Borough, dêr't ek it grutste part fan 'e westkust fan 'e Cook Inlet ûnder falt.

In lânkaart fan it Kenai-skiereilân en oangrinzgjende dielen fan Súdlik Sintraal-Alaska.

It easten en suden fan it Kenai-skiereilân wurde dominearre troch it mei gletsjers oerdutsen Kenai-berchtme, wêrfan't de heechste toppen in hichte fan 2.100 m boppe seenivo berikke. Dat berchtme is geografysk sjoen in fuortsetting fan it Chugach-berchtme op it fêstelân fan Alaska. It grutste part fan it Kenai-berchtme makket diel út fan it Nasjonaal Park Kenai Fjords. De noardwestkust fan it skiereilân, oan 'e Cook Inlet, is flakker en op plakken sompich. Dêr lizze ek in grut tal marren, lykas de Skilak-mar en de Tustumena-mar.

De grutste rivier fan it skiereilân, de Kenai, streamt fan it Kenai-berchtme yn noardwestlike rjochting troch de flakte om út te mûnjen yn 'e Cook Inlet. De rivier stiet bekend om 'e salmfiskerij, krekt as ferskate sydrivieren, lykas de Russyske Rivier, de Kasilof en de Anchor. De súdwestpunt fan it skiereilân wurdt djip ynsnien troch de Kachemakbaai, in lytsere see-earm fan 'e Cook Inlet. It lân dêromhinne heart foar it meastepart ta it Steatspark De Kachemakbaai. Oan 'e eastkant fan it skiereilân lizze yn 'e Blying Sound en de Prince William Sound withoefolle lytse, rotseftige en mei nullewâld oerdutsen eilantsjes. De kust fan it Kenai-skiereilân is dêr ynkurven mei in grut tal fjorden.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste Jeropeaan dy't it Kenai-skiereilân trochkrúste en yn kaart brocht, wie de Russyske ûntdekkingsreizger Gerasim Izmailov, yn 1789. It Kenai-skiereilân hearde by Russysk-Amearika oant it yn 1867 mei de rest fan Alaska troch de Oankeap fan Alaska yn Amerikaanske hannen kaam.

Unoantaaste wyldernis op it Kenai-skiereilân.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de optelde ynwennertallen fan alle plakken op it Kenai-skiereilân (op basis fan gegevens dy't foar de measte plakken datearren fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010, mar foar inkele gruttere plakken út 2018) hie it gebiet in befolking fan 56.937 minsken. De befolkingstichtens bedroech 2,4 persoanen de km², wêrmei't it skiereilân foar Alaskaanske begripen frij tichtbefolke is. De oarspronklike bewenners fan it Kenai-skiereilân binne oan 'e eastkant fan it Kenai-berchtme de Alûtiik (Alutiiq), it súdlikst libjende folk dat ta it gruttere ferbân fan 'e Eskimo's rekkene wurdt, en oan 'e noardwestkant fan 'e bergen en oan 'e kust fan 'e Cook Inlet de Tanaina (Tanaina of Dena’ina), in Yndiaansk folk dat in Atapaskyske taal sprekt.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Kenai-skiereilân hat in seeklimaat dat foar Alaskaanske begripen relatyf myld is, mei oerfloedige delslach. It is dêrtroch ien fan 'e mar in pear kriten yn Alaska dêr't bou fan beskate lânbougewaaksen mooglik is. Behalven oan lânbou wurdt op it skiereilân ek dien oan fiskerij en oan mynbou (ierdgas, ierdoalje en stienkoal). It toerisme is fan grut belang foar de ekonomy; de toeristen dy't op 'e krite ôf komme, binne foar it meastepart jagers en angelders.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.