Katedraal fan Canterbury

Ut Wikipedy
Katedraal fan Canterbury
Lokaasje
lân Ingelân
greefskip Kent
plak Canterbury
adres 25 The Precincts, Canterbury CT1 2EH
koördinaten 51° 16' N 1° 5' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Anglikaanske Tsjerke
aartsbisdom Canterbury
patroanhillige Kristus de Ferlosser
Arsjitektuer
boujier 1070–1834
boustyl gotyk
monumintale status UNESCO-wrâlderfgoed
Webside
www.canterbury-cathedral.org
Kaart
Katedraal fan Canterbury (Kent)
Katedraal fan Canterbury

De Katedraal fan Canterbury yn it Ingelske greefskip Kent is ien fan 'e âldste en meast ferneamde kristlike gebouwen yn Ingelân. It is de katedraal fan 'e aartsbiskop fan Canterbury, de lieder fan de Church of England en symboalysk lieder fan 'e anglikaanske mienskip fan 'e wrâld. De formele namme is de Katedraal en Metropolityske Tsjerke fan Kristus yn Canterbury.

Stifte yn 597 waard de katedraal folslein op 'e nij boud tusken 1070 en 1077. Oan it begjin fan de 12e iuw waard it eastlike ein in stik grutte makke en nei in brân yn 1174 foar it measte weropboud yn goatyske styl mei mear útwreidings nei it easten ta om de grutte kliber pylgers op te fangen, dy't by de skryn fan Thomas Becket hulde brochten, de aartsbiskop dy't yn 1170 yn de katedraal fermoarde waard. It Normandyske skip en de krúsbeuken oerlibben oant de lette 14e iuw, doe't se ôfbrutsen waarden om plak te meitsjen foar de hjoeddeiske bou.

Foar de Ingelske reformaasje makke de katedraal diel út fan in benediktynske kleastermienskip dy't bekend stie as Christ Church Canterbury.

Mei syn 72 meter hege fieringstoer, de saneamde Bell Harry, foarmet de katedraal in masterlik foarbyld fan romaanske en goatyske boukeunst. Tegearre mei de abdij fan Canterbury en de âlde Church of St. Martin stiet de katedraal ynskreaun op 'e list fan it UNESCO-wrâlderfgoed.

Iere skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Romeinske skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e 3e en nei de bekearing fan Augustinus fan Hippo yn 'e 4e iuw naam de ynfloed fan it Kristendom stadichoan ta. De earste biskop fan 'e katedraal wie Augustinus, abt fan de benediktynske Sint-Andreasabdij yn Rome. Paus Gregorius de Grutte stjoerde de abt yn 596 nei Ingelân as misjonaris ûnder de Angelsaksen. Dêr stifte Augustinus yn 597 de katedraal en wijde dy oan Kristus de Ferlosser. Augustinus fan Canterbury wie de earste biskop en nei de stifting fan mear bisdommen yn it lân waard er aartsbiskop. Augustinus stifte bûten de stedsmuorren ek de Petrus en Paulusabdij. Letter waard dy abdij oan Augustinus sels wijd en iuwenlang bleau dat it plak dêr't de aartsbiskoppen begroeven waarden.

Angelsaksyske skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De muonts Beda skreau dat Augustinus foar de stifting fan de katedraal in eardere romeinske tsjerke brûkt hie. De âldste resten dy't by de opgravings ûnder it tsjintwurdige tsjerkeskip yn 1993 fûn waarden wiene lykwols dielen fan in angelsaksysk gebou, dat oer in romeinske wei hinne boud wie. De resten wiisden út dat de oarspronklike tsjerke út in skip, mooglik mei in narteks, en sydkapellen oan de noardlike en súdlike kant bestie. Yn de 9e of 10e iuw waard dy tsjerke ferfongen troch in grutter gebou mei in rjochthoekich westlik ein. It liket der op de tsjerke in fjouwerkante sintrale toer hie. De 11e-iuwske kronykskriuwer Eadmer, dy't as jonge noch de saksyske katedraal kind hie, skreau dat de tsjerke yn de opbou op de Sint-Piter fan Rome like, in oanwizing dat it in basilikale foarm hie mei in eastlike apsis.

Under aartsbiskop Dunstan waard in benediktynske abdij mei de namme Christ Church Priory tafoege oan de katedraal. De kleastermienskip funksjonearre lykwols pas folslein nei't Lanfranc aartsbiskop oantreden wie.

De ynfallen fan de Wytsings brochten yn 1011 grutte skea oan de katedraal fan Canterbury. De ynfallers namen aartbiskop Ælfheah finzen en fermoarden him yn Greenwich op 19 april 1012. It wie de earste fan in rige aartbiskoppen fan Canterbury dy't de martlerdea stoar.

Normandyske skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Augustinustroan

In jier nei de Normandyske Ferovering yn 1066 waard de âlde katedraal ferneatige troch brân. De weropbou sette útein yn 1070 ûnder de earste Normandyske aartsbiskop Lanfranc (1070–1077). Hy liet de resten fan de âlde katedraal opromje en boude in nije katedraal neffens in ûntwerp dat in soad hie fan de abdij Saint-Étienne yn Caen, dêr er earder abt west hie. Dêrby brûkte er stien út Frankryk. De nije tsjerke wie in krúsfoarmich gebou mei in njoggen traveeën tellend skip, in pear tuorren oan de westlike kant, in transept mei kapellen, in lege fieringstoer en in koart koer dat einige yn trije apsissen. Yn 1077 waard de katedraal ynwijd.

Plattegrûn fan de yn 1126 foltôge katedraal.

Under de opfolger fan Lanfranc, Anselmus, dy't fanwegen ferset tsjin de Ingelske keningen oant twa kear ta ferballe waard út it lân, lei de ferantwurdlikens foar de bou en de ferbettering fan de struktuer foar in grut part yn de hannen fan de priors. Nei't Ernulfus troch Anselmus oansteld waard as prior liet dy it eastlike diel fan Lanfranc ôfbrekke en ferfange troch in folle grutter eastlik ein wêrmei de lingte fan de katedraal ferdûbele. Under de katedraal kaam in grutte en ryk dekorearre krypte. De opfolger fan Ernulfus foltôge it projekt yn 1126. It nije koer krige in eigen transept en it eastlike ein wie healrûn en hie in koeromgong mei trije kapellen.

Alhoewol't de saneamde Augustustinustroan (Chair of St Augustine) ferneamd waard nei aartsbiskop Augustinus, datearret de troan nei alle gedachten pas út de Normandyske tiid. Yn 1205 waard der foar it earst fêstlein dat der gebrûk fan makke waard.

Martlerskip fan Thomas Becket[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Thomas Becket-finster.

Wichtich foar de skiednis fan 'e katedraal wie de moard op aartsbiskop Thomas Becket op tiisdei 29 desimber 1170 yn it noardwestlike transept. De dieders wiene ridders fan kening Hindrik II, dy't noch alris spul hie mei de eigensinnige aartsbiskop. De kening soe yn oerdrachtlike sin roppen ha "Soe dan nimmen my fan dy balstjurrige preester ôfhelpe kinne?". Fjouwer ridders namen dy wurden lykwols letterlik en deaden de aartsbiskop yn syn eigen katedraal. Nei Ælfheah wie Becket de twadde aartsbiskop fan Canterbury dy't fermoarde waard.

Nei de moard op Thomas Becket waard de katedraal in beafeartsplak foar pylgers. Dat brocht sawol de needsaak om de katedraal út te wreidzjen as ek de rykdom dy't dat mooglik makke.

De bou fan de hjoeddeiske katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brân fan 1174[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Becket's Crown.

Fanwegen in brân yn septimber 1174 moast it koer rekonstruearre wurde. De weropbou waard tige krekt fêstlein troch in muonts mei de namme Gervasius. De krypte bleau yntakt en de bûtenmuorren fan it koer koene wer brûkt wurde, dy't yn de rin fan de weropbou ferhege waarden mei 3,7 meter. De rûnbôgige finsters bleaune dêr itselde, mar fierder waard alles yn goatyske styl oanpast mei puntige bôgen, in ribferwulft en loftbôgen. De kalkstien waardfoar dat doel ymportearre út Caen, Frankryk. Yn 1180 koe it koer wer brûkt wurde en de reliken fan de aartbiskoppen Dunstan en Ælfheah ferhûzen fanút de krypte dêrhinne.

De weropbou fan it koer stie ûnder lieding fan de Frânsman Willem fan Sens, dy't ynfloeden fan de iere Frânske gotyk (û.o. fan de katedralen fan Sens en Saint-Denis) yn it wurk meinaam. Nei't Willem fan Sens yn 1179 swier ferwûne rekke by de fal fan in bousteger, moast er ferfongen wurde troch ien fan syn meiwurkers, dy't bekend waard ûnder de namme Willem de Ingelskman.

Detail fan de tombe fan de Swarte Prins.

Trije-ienheidskapel en de skryn fan Thomas Becket[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e jierren 1180-1184 waard û.l.f. Willem de Ingelskman op it plak fan de âlde eastlike kapel de hjoeddeiske Trije-ienheidskapel (Trinity Chapel) boud om dêr de skryn foar Thomas Becket yn ûnder te bringen. Der waard noch in rûne kapel tafoege foar mear oantinkens fan Becket. Oannommen wurdt dat dêr ek de boppekant fan de plasse fan Becket bewarre waard. Dy kapel waard bekend as Corona of Becket's Crown. Dy nije dielen eastlik fan it koer waarden boud boppe in hegere krypte dan it koer fan Ernulfus, sadat der treppen nedich wiene tusken de twa nivo's. It wurk duorre oant 1184, mar de oerbliuwsels fan Becket waarden pas yn 1220 nei it nije plak oerbrocht. Oare belangrike bysettings yn de Trije-ienheidskapel binne dy fan Edward Plantagenet (de "Swarte Prins") en kening Hindrik IV.

De skryn yn 'e Trije-ienheidskapel waard fuort boven it oarspronklike plak yn de krypte delset. Op in moarmeren sokkel stie in kist fan goud en sulver (of neffens oaren belein mei goud en sulver), dy't mei kostbere fonkelstiennen belein wie. Yn de rin fan de tiid waarden der in soad votyfgeskinken tafoege. De pylgers dy't de skryn besochten soargen foar it ynkommen, dêr't de weropbou fan de katedraal en oare bygebouwen mei betelle wurde koe.

Yn 1538 yn 'e tiid dat yn Ingelân de abdijen waarden ûntbûn, waard de skryn ferwidere nei't kening Hindrik VIII de deade hillige foar de rjochtbank dage liet op beskuldigign fan ferried. Becket kaam fansels net en waard by ferstek skuldich ferklearje. De skryn waard mei alle skatten yn beslach nommen en yn twa koffers en 26 karren út de katedraal helle.

De kleastergebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in tekening út 1165 fan de katedraal en it kleaster yn fûgelflecht wie Canterbury neffens de prinsipes fan Byzantynske kleasters yndield. Oars as wenst stiene de kleastergebouwen noardlik ynstee fan súdlik fan de tsjerke. It apart steande kapittelhûs bestiet noch altiten en der wurdt ornearre dat it it grutste fan syn soarte yn Ingelân is. De brânskildere ramen fan it kapitelhûs litte foarstellings sjen fan de skiednis fan Canterbury.

Oan 'e noardlike kant stie it kleaster en de gebouwen dy't ornearre wiene foar it monastike libben. Eastlik en westlik dêrfan stiene de gebouwen dy't wijd wiene oan it útoefenjen fan gastfrijheid. Noardlik dêrfan lei in grutte iepen hôf dy't de kleastergebouwen fan de bedriuwsgebouwen skiede. Bûten it kleasterkompleks leine noch de gebouwen foar de opfang fan de alderearmsten.

13e iuwsk finster mei pylgers.

14e en 15e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It skip fan de katedraal yn de styl fan de letgoatyske Ingelske gotyk

Yn it begjin fan 'e 14e iuw waard in stiennen doksaal boud. Ek fûn de weropbou fan it kapittelhûs plak. Mar in ierdskodding yn 1382 brocht grutte skea oan de katedraal, wêrby't de klokken en klokketoer ferlern gyngen. Op de Normandyske fûneminten waarden ûnder lieding fan Henry Yevele yn it lêste stik fan de 14e iuw it skip en de dwersskepen folslein op 'e nij boud yn in rike, dekorative perpendicular-styl. Yn tsjinstelling fan de doe ek ferboude katedraal fan Winchester, dêr't in soad fan de besteande struktuer bewarre en renovearre waard, waarden yn de katedraal fan Canterbury de pylders hielendal ferwidere en ferfongen troch smellere goatyske. Ek waarden de muorren fan de âlde sydbeuken hielendal delhelle, mei útsûndering fan in diel fan it ûnderste súdlike muorrewurk. Mear fan de Normandyske struktuer bleau bewarre yn de transepten, benammen yn de eastlike muorren. Ek de apsissen waarden noch net ferfongen. Oan it eastlike ein fan it skip waard in nij doksaal boud, wêrby't it besteande doksaal waard yntegrearre. De Normandyske stiennen flier fan it skip bleau lykwols lizzen, oant it yn 1786 ferfongen waard.

Brek oan jild en it jaan fan foarrang oan 'e weropbou fan de kleastergebouwen en it kapittelhûs soargen der foar dat de westlike tuorren ynearsten gjin prioriteit hiene. It duorre noch oant 1458 ear't de súdwestlike toer ferfongen wie. De Normandyske noardwestlike bleau noch stean oant 1834, doe't it troch in replika ferfongen waard fan de oare toer.

Yn 1430 waard de apsis fan it súdlike transept ferfongen foar de bou fan in oan Sint-Michael en Alderheljen wijde kapel. Tusken 1448 en 1455 waard ek de apsis fan it noardlike transept ferfongen troch in Marije-kapel.

Gravure út 1821 mei de noch Normandyske noardwestlike toer.

Alhoewol't der inkelde desinnia earder al in oanset makke wie mei de bou fan de nije pylders, waard der yn 1433 útein set mei de bou fan de 72 meter hege fieringstoer. De toer krige de bynamme Angel Steeple, om't op ien fan de pinakels eartiids in fergulde ingel stie.

Moderne tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doksaal.

Mei de opheffing fan al it kleasterlibben yn Ingelân yn 1534 kaam der ek in ein oan 'e kleasterfunksje fan de katedraal. Yn maart 1539 kaam der foar Canterbury in ein oan iuwenlange oanwêzigen fan benediktynsk kleasterlibben. It bestjoer fan de tsjerke gyng oer op in kolleezje fan sekuliere koarhearen. De skryn fan Thomas Becket waard yn opdracht fan Hindrik VIII ûntmantele en syn reliken gyngen ferlern.

Grûnplan fan de hjoeddeiske katedraal.

Yn de jierren 1642-1643 brochten puritynske byldenstoarmers by in suvering skea oan de katedraal. Dêrby gyngen ek it Kristusbyld fan it poartegebou (Christ Church Gate) en de houten doarren ferlern. De houten doarren waarden al yn 1660 hersteld en tagelyk begûn doe ek in soad reparaasjewurk oan de katedraal. Yn 1990 krige it lege plak oan de poarte wer in nij byld fan brûns fan de keunster Klaus Ringwald.

De measte bylden oan 'e westlike gevel datearje út de jierren 1860. Foar dy tiid wiene de nissen leech. De doedestiidske dekaan fan de katedraal fûn dat it oansjen fan de katedraal ferbettere as de nissen wer folle waarden mei nije bylden. De bylden binne benammen makke troch de Fiktoriaanske byldhouwer Theodore Pfyffers. Op it stuit binne der 53 bylden fan persoanen, dy't fan ynfloed west ha op skiednis fan de katedraal. Dêrûnder binne geastliken, leden fan de keninklike famylje (wêrûnder Elizabeth II), hilligen en teologen. Ek katolike en anglikaanske aartbiskoppen binne fertsjintwurdige.

18e iuw oant hjoeddedei[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Poartegebou mei Kristusbyld.

De oarspronklike tuorren fan it poartegebou waarden yn 1803 ferwidere en ferfongen yn 1937. Yn 1990 krige ek in byld fan Kristus wer in plak oan de gevel.

De oarspronklike Normandyske toer op it noardwesten, dy't oant 1705 in spits hie, moast fanwegen biuwende swierrichheden yn 1834 ôfbrutsen en ferfongen wurde troch in replika fan de súdwestlike toer yn perpendicular-styl. It wie oant no ta de lêste grutte feroaring oan it bouwurk.

Yn septimber 1872 waard in grut part fan it dak fan de Trije-ienheidskapel ferneatige troch brân. De rest fan de kapel bleau foar it measte yntakt en de skea wie gaueftich ferholpen.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de bibleteek by loftoanfallen ferneatige, mar de katedraal hie der net in soad fan te lijen. De brânwar wist al gau it fjoer op it houten dak te dwêsten.

Ramen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brânskildere raam.

De âldste brânskildere ramen yn 'e katedraal stamme út de lette 12e iuw. Oaren binne fan folle resintere datum, lykas de fjouwer ramen út 1957 fan Ervin Bossányi yn it súdeastlike transept. De measte ramen binne tsjintwurdich konservearre.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It trijemanualige oargel fan 'e katedraal waard boud troch Henry Willis mei gebrûk fan materjaal fan âldere ynstruminten. Nei ferskate feroarings waard it ynstrumint yn 1980 troch de oargelbouwer N. Mander wizige en yn in nij front opsteld. Dêrby waard oan de noardlike muorre noch in manuaalwurk boud, dat fan it haadwurk út oanspile wurde kin. It ynstrumint hat tsjintwurdich 60 registers op trije manualen en pedaal.

Krypten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De westlike krypte waard yn 'e 12e iuw boud. Dêr is in muorre bewarre bleaun fan 'e eardere tsjerke út 1077. De westlike krypte jout tagong ta de skatkeamer fan de katedraal, dêr't gouden en sulveren keunstwurken te sjen binne.

Yn 'e eastlike krypte waard Thomas Becket byset. Syn resten binne nei de bou dêrfan oerbrocht nei de Trije-ienheidskapel. De fiifskippige krypte heart noch ta de dielen dy't fan 'e romaanske tsjerke út it ein fan 'e 11e iuw stamme.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Canterbury Cathedral


{DEFAULTSORT:Cantebury}}