Kastylje

Ut Wikipedy
It histoaryske Kastylje op de Spaanske lânkaart (ingere en bredere ynterpretaasje).
Dizze side giet oer de histoaryske regio Kastylje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Kastylje (betsjuttingsside).

Kastylje (Spaansk: Castilla) is in Spaanske lânstreek en in earder keninkryk op it Ibearysk Skiereilân, wêrfan't de namme letterlik "Lân fan Kastielen" betsjut, wat ferwiist nei it grutte tal kastielen dat der yn 'e Iere Midsiuwen boud waard yn ferbân mei de Reconquista tsjin 'e Moaren. As histoaryske regio beslacht Kastylje yn ingere sin de lânstreken Ald-Kastylje (rûchwei benoarden Madrid) en Nij-Kastylje (rûchwei besuden Madrid), mei dêropta de regio Madrid sels. Yn 'e bredere sin omfiemet it de hjoeddeistige Spaanske autonome mienskippen Kastylje-La Mansja, Kastylje-Leön, Madrid, Kantaabrje en La Riocha.

It Keninkryk Kastylje ûntstie oarspronklik út it Keninkryk Leön, dat sels wer út it Keninkryk Astuerje fuortkommen wie. It eastlike part fan it Keninkryk Leön, it Greefskip Kastylje (de krite om Burgos hinne), krige yn 931 ûnder greve Fernán González autonomy. Yn 1037 waard it foar it ferheft ta de status fan in keninkryk, en yn 1065 waard it ûnder kening Sancho II in ûnôfhinklik lân.

Neitiid bestie der tusken 1072 en 1157 in personele uny tusken de keninkriken Kastylje en Leön, en yn 1230 krige de bân tusken de beide lannen ûnder it regear fan kening Ferdinand III in permanint karakter doe't se beide opgiene yn in nij steatsferbân, dat de namme krige fan de Kroan fan Kastylje. Dat ryk wreide him troch de ferovering fan Moarske gebieten almar fierder nei it suden ta út. De Kroan fan Kastylje waard oan 'e ein fan 'e fyftjinde iuw ferbûn mei de Kroan fan Aragon, dy't de eastkust fan it Ibearysk Skiereilân besloech, troch it houlik tusken keninginne Isabella I fan Kastylje mei kening Ferdinand II fan Aragon. Yn 1516, doe't harren bernsbern Karel V kening fan sawol Kastylje as Aragon waard, kamen dy beide lannen byinoar te hearren. Dat wurdt as de stifting fan Spanje beskôge. Lykwols soe it noch oant de ein fan 'e Spaanske Súksesjeoarloch, yn 1715, duorje, ear't alle regearingsynstânsjes fan 'e beide keninkriken ek wier feriene waarden.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.