Kahoölawe

Ut Wikipedy
Kahoölawe
It lânskip op Kahoölawe.
It lânskip op Kahoölawe.
polityk
soarte gebiet eilân
lân Feriene Steaten
steat Hawaï
sifers
ynwennertal 0 (2010)
oerflak 116,5 km²
befolkingstichtens 0 / km²
oar
tiidsône UTC –10
simmertiid gjin simmertiid

Kahoölawe (Ingelsk: Kahoolawe, útspr.: [kə'ho:u.əlɑ:wi:], likernôch: "kuh-hoowe-laawii"; Hawaïaansk: Kaho‘olawe, útspr.: [kə'hoʔolɐve], likernôch "kuh-hoo-oo-luh-vee") is it lytste fan 'e acht haadeilannen fan 'e Hawaï-arsjipel, in eilannegroep yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. It is teffens it iennichste fan 'e acht haadeilannen dat gjin fêste bewenners hat. Kahoölawe hat de bynamme fan the Target Isle ("it Besjittingseilân"), om't it foarhinne troch de Amerikaanske Marine brûkt waard as oefengebiet. Bestjoerlik foarmet it eilân mei de buoreilannen Maui en Lanaï en it grutste part fan Molokaï de county Maui.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kahoölawe hat in oerflak fan 116,5 km², en mjit 18 km fan east nei west by 9,7 km fan noard nei súd. Dêrmei is it lytste fan 'e acht haadeilannen fan 'e Hawaï-arsjipel. Kahoölawe leit 11,2 km súdwestlik fan it gruttere eilân Maui, dêr't it fan skaat wurdt troch it ʻAlalākeiki-kanaal. Yn noardwestlike rjochting leit oare kant it 18 km brede Kealaikahiki-kanaal it gruttere eilân Lanaï. Oan 'e súdeastkant fan Kahoölawe leit it eilân Hawaï in stik fierderôf, oare kant it ʻAlenuihāhā-kanaal.

De lizzing fan Kahoölawe yn 'e Hawaï-eilannen.

Krekt as de oare Hawaï-eilannen is Kahoölawe oarspronklik foarme troch fulkanyske aktiviteit. De heechste krater op it eilân is de Pu‘u Moaulanui, mei in hichte fan 450 m boppe seenivo. Fanwegen syn yn ferhâlding ta de oare Hawaï-eilannen flakke lânskip en it feit dat Kahoölawe oangeande de noardeastlike passaatwinen yn it reinskaad fan 'e hege Haleakalā-fulkaan fan it buoreilân Maui leit, kriget it eilân mar in bytsje delslach. Sadwaande is Kahoölawe sterk erodearre, foar in fjirdepart sels oan 'e hurde rotsboaiem ta.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Archeologyske fynsten bewize dat Kahoölawe om it jier 1000 hinne foar it earst kolonisearre waard troch de lânseigen Hawaïaanske befolking, wêrfan't de earsten har 700 jier earder op 'e Hawaï-eilannen nei wenjen set hiene út súdliker kontreien fan Polyneezje wei. Iuwenlang waard it eilân regearre troch rivalisearjende ali‘i (haadlju), wêrby't in grut part fan it lân troch oarloch ferwuostge waard. Yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw waard Kahoölawe boppedat plondere troch Kamehameha de Grutte, de kening fan it eilân Hawaï, by dy syn besykjen om it eilân Maui te feroverjen op Kahekili II, de kening fan Maui.

Fan 1778 ôf, doe't de earste Jeropeeske ûntdekkingsreizgers de Hawaï-eilannen besochten, waard Kahoölawe beskreaun as in ûnbewenne en ûnfruchtbere woastenije, dêr't gjin beammen groeiden noch drinkwetter te finen wie. Nei't yn 1795 de hiele arsjipel ûnder de hearskippij fan Kamehameha de Grutte feriene wie ta it Keninkryk Hawaï, en sindelingen út Nij-Ingelân wei Westerske ideeën op 'e eilannen yntrodusearren, waard Kahoölawe omtrint 1830 ûnder it regear fan kening Kamehameha III ta in strafkoloanje foar manlju makke. Dizze ferballing nei in ûnherberchsum oard waard op oanstean fan 'e sindelingen ynfierd ta ferfanging fan 'e deastraf. It is mar de fraach oft de ballingen it wol in ferbettering fûnen, mei't it sizzen is dat guon fan harren op Kahoölawe ferhongeren, wylst oaren sa wanhopich wiene dat se it 11 km brede ʻAlalākeiki-kanaal nei Maui oerswommen om oan iten te kommen. Yn 1853 waard de strafkoloanje opheft. Yn 1857 hie Kahoölawe likernôch 50 bewenners, dy't mei oerbeweiding troch harren fee de desolaasje fan it eilân noch helte minder makken.

In satellytfoto fan Kahoölawe.

Nei't de Hawaï-eilannen yn 1898 anneksearre wiene troch de Feriene Steaten, waard Kahoölawe fan 1910 oant 1918 ta in wâldreservaat makke, yn 'e hope dat troch it fuortheljen fan it weidfee de natuerlike floara fan it eilân der wer boppe-op komme soe. Doe't der gjin tekens wiene dat dat barre soe, waard Kahoölawe yn 1918 ferpachte oan 'e feeboer Angus MacPhee út Wyoming, dy't der (fanwegen de hieltyd weromkearende drûchten) mei mar midsmjittich súkses in feepleats begûn. Yn 1941 beëinige MacPhee syn bemuoienissen mei it eilân en waard de pacht oernommen troch de Amerikaanske Striidkrêften.

Kahoölawe (yn 'e fierte) sjoen fanôf Maui.

Under de Twadde Wrâldoarloch (1941-1945) waard Kahoölawe brûkt as opslachplak foar legerfoarrieden en treningslokaasje foar troepen. Teffens waard doe úteinset mei it gebrûk fan it eilân as oefenplak foar bombardeminten troch fleantugen fan 'e Amerikaanske Marine. Inselde rol spile Kahoölawe yn 'e fyftiger jierren ûnder de Koreaanske Oarloch en yn 'e sechtiger en santiger jierren ûnder de Fjetnamoarloch. Fan 1976 ôf focht de organisaasje Protect Kahoolawe Ohana it gebrûk fan it eilân foar militêre oefenings foar de rjochter oan. In útspraak út 1977 stie de marine ta om troch te gean mei de besjittings, mar tagelyk moast der in rapport opsteld wurde oangeande de ynfloed fan 'e bombardeminten op it miljeu en in list mei alle archeologyske fynplakken fan Kahoölawe.

It krewearjen om Kahoölawe te befrijen fan 'e Amerikaanske Marine wie wichtich foar de opkomst fan in nij soarte aktivisme op Hawaï, dat weromgriep op 'e lânseigen tradysjes, en sadwaande in protte wjerklang fûn by de lânseigen Hawaïanen. Under lieding fan Walter Ritte en mei stipe fan ferskate Yndiaanske stamme-organisaasjes fan it Amerikaanske fêstelân waarden ferskillende protestaksjes ûndernommen. De bekendste dêrfan wie in besettingsaksje fan it oefengebiet, yn 1976, troch lânseigen Hawaïanen, blanke miljeu-aktivisten en leden fan 'e Pûjallup Stamme fan Yndianen en de Mukkelsjût Yndianestamme út 'e steat Washington, wêrby't twa aktivisten omkamen. It aktivisme droech yn 1981 frucht doe't it hiele eilân Kahoölawe opnommen waard yn it Amerikaansk Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken, wêrmei't it ta in nasjonaal monumint waard. Lykwols giene de bombardeminten troch de marine troch oant presidint George H.W. Bush der yn 1990 in ein oan makke. Yn 1993 rjochte it Steatskongres fan Hawaï it Eilânreservaat fan Kahoölawe op, dat it hiele eilân omfiemet, mei in 3 km brede stripe see deromhinne.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.