Kabinet-Rutte III

Ut Wikipedy
Kabinet-Rutte III
Beëdige 26 oktober 2017
Demisjonêr 15 jannewaris 2021
Untslein 10 jannewaris 2022
Koälysje VVD, CDA, D66, KristenUny
Steatshaad Willem-Alexander
Premier Mark Rutte
VVD CDA D66 CU Opposysje
33 19 19 5 74
Sitferdieling yn de Twadde Keamer
Rutte II Rutte IV

It kabinet-Rutte III wie fan 26 oktober 2017 oant 10 jannewaris 2022 it kabinet fan Nederlân. It wie nei de Twadde Keamerferkiezings fan 2017 foarme troch in koälysje fan de partijen VVD, CDA, D66 en KristenUny.

Op 15 jannewaris 2021 moast it kabinet kollektyf ûntslach nimme, twa moanne foar de parlemintsferkiezings, as gefolch fan de ferneatigjende rapporten oer de affêre foar fergoeding foar berne-opfang.

Formaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de Twadde Keamerferkiezings fan 15 maart 2017 sette de kabinetsformaasje útein ûnder lieding fan ferkenner Edith Schippers. Op 28 maart waard hja troch de Twadde Keamer as ynformateur oanwiisd om de ûnderhannelings foar in kabinet fan VVD, CDA, D66 en GrienLinks troch te setten. Dit besykjen mislearre op 15 maart om't de partijen it net mei-inoar lykfine koene oer asyl en migraasje.

Doe't op 23 maaie foar de twadde kear besocht waard om in kabinet te foarmjen, diskear mei de KristenUny, stelde Schippers foar en beneam in nije ynformateur: Herman Tjeenk Willink. Nije petearen mei GrienLinks lieden ek no net ta oerienstimming.

Op 27 juny joech de ynformateur yn syn einferslach oan dat de iennichste mooglikheid foar in mearderheidskabinet in kabinet wie mei de partijen VVD, CDA, D66 en KristenUny. Gerrit Zalm, earder minister fan Finânsjes, waard in dei letter beneamd ta ynformateur.

Mar leafst 208 dagen nei de ferkiezings, op 9 oktober, kaam der in foarriedich koälysjeakkoard foar in nij te foarmjen kabinet-Rutte III. Op 12 oktober waard Mark Rutte oansteld as formateur. Twa wike letter waarden dy wurksumheden ôfrûne en waard it nije kabinet beëdige. Mark Rutte waard ek premier, Hugo de Jonge (CDA), Kajsa Ollongren (D66) en Carola Schouten (CU) waarden fise-premier.

Ministearjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kabinet-Rutte III hie 12 ministearjes (waarnimmers wurde net neamd):

Ministearje Minister Minister sûnder portefúlje Steatssekretaris
Ministearje fan Algemiene Saken Mark Rutte 1 n.f.t.
Ministearje fan Binnenlânske Saken en Keninkryksrelaasjes Kajsa Ollongren Raymond Knops
Ministearje fan Bûtenlânske Saken Halbe Zijlstra, Stef Blok, Ben Knapen Sigrid Kaag, Tom de Bruijn n.f.t.
Ministearje fan Definsje Ank Bijleveld Barbara Visser
Ministearje fan Ekonomyske Saken Eric Wiebes, Bas van 't Wout Mona Keijzer, Dilan Yeşilgöz-Zegerius
Ministearje fan Finânsjes Wopke Hoekstra Menno Snel, Hans Vijlbrief, Alexandra van Huffelen
Ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport Hugo de Jonge Bruno Bruins, Martin van Rijn, Tamara van Ark Paul Blokhuis
Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat Cora van Nieuwenhuizen, Barbara Visser Stientje van Veldhoven, Steven van Weyenberg
Ministearje fan Justysje en Feiligens Ferdinand Grapperhaus Sander Dekker Mark Harbers, Ankie Broekers-Knol
Ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit Carola Schouten n.f.t.
Ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid Wouter Koolmees Tamara van Ark, Bas van 't Wout, Dennis Wiersma
Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip Ingrid van Engelshoven Arie Slob n.f.t.
1 Mark Rutte jout as minister-presidint lieding oan it ministearje fan Algemiene Saken.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: