John W. Campbell Memorial Award for Best Science Fiction Novel

Ut Wikipedy
John W. Campbell Memorial Award
for Best Science Fiction Novel
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar science fiction-literatuer
útrikt troch Universiteit fan Kansas
frekwinsje 1x jiers
datum juny
plak Lawrence (Kansas)
ynsteld 1973
offisjele webside
www.sfcenter.ku.edu

De John W. Campbell Memorial Award for Best Science Fiction Novel ("John W. Campbell Betinkingspriis foar de Bêste Science Fiction-roman"), ek wol koartwei de Campbell Memorial Award neamd, is in Amerikaanske priis dy't ienris yn 't jier útrikt wurdt troch it Sintrum foar Science Fiction-stúdzje fan 'e Universiteit fan Kansas oan 'e skriuwer fan 'e as bêste beoardiele science fiction-roman fan it foargeande jier. It is de wjergader foar romans fan 'e Theodore Sturgeon Award foar it bêste koarte ferhaal, dy't útrikt wurdt troch deselde organisaasje. De Campbell Memorial Award moat net betize wurde mei de John W. Campbell Award for Best New Writer (oftewol de Campbell Award), wat in hiele oare priis is dy't útrikt wurdt troch in oare organisaasje.

De Campbell Memorial Award is ferneamd nei John W. Campbell (1910-1971), dy't desennialang njonken syn skriuwerskip ek haadredakteur wie fan it ynfloedrike tydskrift Analog Science Fiction and Fact. De priis waard yn 1973 ynsteld troch de auteurs en kritisy Harry Harrison en Brian Aldiss, en hat as doel en set Campbell syn krewearjen fuort om science fiction-skriuwers oan te moedigjen. Neffens it ynfloedrike sjenretydskrift Locus Magazine is it ien fan 'e wichtichste prizen fan 'e skreaune science fiction.

De winnende roman wurdt útornearre troch in panel fan science fiction-ekspêrs, op grûn fan nominaasjes troch útjouwers en in faksjuery. De winner wurdt elts jier yn maaie selektearre, en de priis, yn 'e foarm fan in trofee, wurdt dêrnei tegearre mei de Theodore Sturgeon Award útrikt by in gala-evenemint yn juny, yn Lawrence, ûnder de Campbell Konferinsje op 'e Universiteit fan Kansas. Foar 1979 waard de priis op oare manearen útrikt. Sûnt 1973 binne der 138 skriuwers foar de Campbell Memorial Award nominearre, wêrfan't 41 de priis ek echt wûn hawwe (stân fan saken 1 jannewaris 2014). Yn 1976 en 1994 oardiele it panel dat de nominaasjes net goed genôch wiene, en waard de priis net útrikt; yn 1974, 2002, 2009 en 2012 koe it panel net kieze tusken de lêste beide kandidaten en wiene der twa winners. De iennichste skriuwers dy't de priis twaris wûn hawwe, binne Frederik Pohl (1978 en 1985) en Joan Slonczewski (1987 en 2012). Oare ferneamde winners binne bygelyks David Brin (1986) en Kim Stanley Ronbinson (1991). Foar in folsleine list mei alle winners, sjoch op dizze side, yn 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.