John Constable

Ut Wikipedy
Selsportret 1806, pen op papier, Tate Gallery Londen.

John Constable (East Bergholt, 11 juny 1776Londen-Hampstead, 31 maart 1837) wie een Ingelsk romantysk lânskipsskilder en akwarellist.

Hy waard berne yn East Bergholt yn het greefskip Suffolk. It gebiet om Dedham Vale, bylâns Stour yn Suffolk stiet bekend as Constable Country. Flatford Mill, it ûnderwerp fan ien fan syn ferneamdste skilderijen, The Haywain, wie eigendom fan syn heit, in begoedige brouwer en nôthanneler.

Constable troude, nei lange tiid ôfwiist te wêzen troch har heit, om't er net goed genôch wie neffens him, mei Maria Bicknell. Sy hiene sân bern, doe't Maria stoar oan tuberkuloaze.

Constable hie foaral niget oan ljochteffeketen en wolkeloften. Hy skildere ek in stikmannich moaie kustgesichten.
In part fan oan him taskreaun wurk is fermoedlik troch syn soannen makke tinkt men tsjintwurdich. Wichtige samlings fan Constables wurk hawwe de National Gallery, de Tate Gallery en it Victoria and Albert Museum yn Londen.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory John Constable fan Wikimedia Commons.