Johan Heinrich Neuman

Ut Wikipedy
Johan Heinrich Neuman
portret makke troch Clasine Neuman

Johan Heinrich Neuman, ek wol Johan Hendrik Gzn Neuman (Keulen, 1 july 1819 - De Haach, 14 april, 1898) wie in keunstskilder, miniatuerskilder en litograaf.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neuman waard berne yn Keulen as soan fan keapman Gerrit Neuman (1785-1859) út Schoonhoven, en Henriette Cornelia Nahuijs (1795-1844). Hy boaske yn 1850 mei Aletta Catharina Petronella Elisabeth Theunis. Ut dit houlik waard ûnder oaren Clasine berne dy't letter ek skilderes wurde soe.

Hy krige syn oplieding oan de Keninklike Akademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam. Hy wie in learling fan Louis Henri de Fontenay, Jan Adam Kruseman en Nicolaas Pieneman (1809-1860). Hy wie de earste learaar fan syn dochter Clasine Neuman. [1]

Neuman waard yn 1849 lid fan Arti et Amicitiae en eksposearre ûnder mear by de Tentoonstelling van Levende Meesters. Hy stoar yn 1898; hy waard 79 jier.

Priuwke fan syn wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. rkd.nl