Jitske Kingma

Ut Wikipedy
Jitske Kingma

Jitske Kingma (Ljouwert, 17 maaie 1959) is in Frysk skriuwster dy't ek yn it Nederlânsk publisearret. Boppedat wie se redaksjelid fan it Fryske literêre tydskrift De Moanne. Hja is ek selsstannich útjouster.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jitske Kingma, fan boere-komôf, folge oan de Pedagogyske Akademy yn Ljouwert in oplieding ta ûnderwizeres. Dêrnei wurke se as korrektrise by in drukkerij, oant se genôch fertsjinne hie om twa jier troch Aazje, Austraalje en Israel te reizgjen. De ferhalen dy't se dêroer skreau waarden publisearre yn it tydskrift Frysk & Frij, wêr't se nei weromkomst yn Fryslân foar wurke. Dêrnei wurke se fjirtjin jier as free-lancer foar it Frysk Deiblêd, úteinlik as sjef fan de redaksje. Ek wurke se hast acht jier lang by ynternetútjouwerij Gopher. Yn 2007 begûn se yn Ljouwert in eigen bedriuw, Utjouwerij Elikser.

Literêre aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kingma debutearre yn 1989 mei In dûk yn 'e Ganges, in "romantisearre reisferhaal", skreaun op basis fan de oantekenings dy't se op har reizen makke. Dit boek waard troch resinsinten ûngelyk beoardield. Henk van der Veer priizge yn it Snitser Njsblêd benammen de wize wêrop Kingma de sfear en de wederwaardichheden fan de twa froulike reisgenoaten beskreaun hie. Durk van der Ploeg wie yn de Ljouwerter Krante lykwols negatyf: hy miste in spanningsopbou en steurde him oan it yn syn eagen minne taalgebrûk fan Kingma. Oer dat lêste bliek Anne Wadman yn Frysk & Frij minder te fallen, al fûn hy ek de dialogen "oan de stive kant". Kingma bewearde dat de krityk fan Van der Ploeg har ta striid prikele en stelde mear wearde te hechten oan it oardeel fan in freondinne. Dat dit yn werklikheid oars lei, bliek út it feit dat it oant 1999 duorje soe eardat har twadde publikaasje ferskynde, In twadde libben, in iepenhertige beskriuwing fan it ûntstean fan In dûk yn 'e Ganges. Hjiryn waard dúdlik dat nettsjinsteande har wurden Van der Ploegs besprekking Kingma wier wol rekke hie.

Kingma is sûnt 2000 lid fan de redaksje fan it literêre tydskrift Trotwaer (yn 2002 opgien yn De Moanne), wêryn't hja geregeld publisearret. Yn 2005 makke se diel út fan de sjuery fan de Gysbert Japicxpriis.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1989: In dûk yn 'e Ganges
  • 1999: In twadde libben

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: