Jentsje Popma

Ut Wikipedy
Jentsje Popma
keunstner
Popma by de ûntbleating fan it byld fan Piet Paaltjens (1986)
Popma by de ûntbleating fan it byld fan Piet Paaltjens (1986)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jentsje Popma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 30 septimber 1921
berteplak Swol
stoarn 28 septimber 2022
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as Byldzjend Keunstner
streaming Ekspresionisme,
Modernisme
bekendste
  wurk(en)
Anne Vondeling (1981), hoeke Lytse Tsjerkestrjitte/Nijstêd,
Piet Paaltjens (1986), Westerplantaazje
jierren aktyf 1946-2015
Sgraffito, De Jouwer (1971)
Peter Stuyvesant (1955), Wolvegea

Jentsje Popma (Swol, 30 septimber 1921 - Ljouwert, 28 septimber 2022) wie in Frysk byldzjend keunstner.

Popma krige syn opliedingen oan de Keunstakademy yn Rotterdam en de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam. Hy wie dosint oan Akademy Minerva yn Grins. Hy wie learmaster fan ûnder oare Gosse Dam en Douwe Elias. Hy wie byldhouwer en keunstskilder en skildere benammen it lânskip. Hy makke yn opdracht û.o. glês-yn-lead, glês yn beton, glês-applique, sânstriele ramen, reliëfs, koperplastiken en graffity. Ek makket er portretten en bylden yn brûns. Healwei de jierren tachtich realisearre er him hoe't natoer en lânskip stadichoan nei de barbysjes gongen. Doe't er 65 west hie, naam er himsels foar de grutte opdrachten de opdrachten te litten en him tenei inkeld noch oan it lânskip te wijen. Hy rôp syn kollega's, feriene yn de 'frije'skilderferiening Frija, op om dêr ek mear omtinken oan te jaan, en wol op in earlike manier, sûnder falske romantyk. Suvere ûnoantaaste lânskipsbylden sa't Jac. P. Thijsse se kennen hat, bestiene ommers net mear, de keunstner wie langer oanwiisd op it kultuerlânskip.

Hy wenne yn Ljouwert en hie syn atelier oan de Potmargewâl. De muorreskildering 'de hynsteblom' fan it eardere Mariënburg siert dêr in muorre.Yn 2007 is de Aed Levwerd Pommeranten Priis oan him takend.

By gelegenheid fan syn 100e jierdei yn 2021 wie der in grutte oersjochtentoanstelling yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert, organisearre troch de Stifting Nijkleaster der't Popma syn kolleksje oan neilitten hat. Teffens ferskynde by dy gelegenheid it boek Kunstenaar met een missie skreaun troch Jan Henk Hamoen[1][2] en krige Popma de Fryske Anjer 2021 foar syn bydragen oan de byldzjende keunst yn Fryslân.

Jentsje Popma ferstoar yn Ljouwert op 28 septimber 2022 yn 'e âldens fan 100 jier.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ljouwert

Skerpenseel

Wolvegea

  • Pieter Stuyvesant (1955), Tjerk Hiddesstrjitte

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Zoektocht naar werk van Jentsje Popma (99)
  2. Jentsje Popma wordt 100: ode aan zijn veelzijdigheid; Frysk Deiblêd, 11 juny 2021, s. 34