Jenisej (rivier)

Ut Wikipedy
It ôfwetteringsgebiet fan de Jenisej mei de Baikalmar

De Jenisej (Russysk: Енисей) is in grutte rivier yn Siberië yn Ruslân. It is mei 3.438 km kilometer (systeem Jenisej–AngaraSelenge) de fyfde rivier nei langte fan de wrâld en is part fan it grutste rivierstelsel dat yn de Arktyske Oseaan rint. De rivier is in bytsje koarter as de Mississippy, mar hat 1,5 kear de mannichte wetter. Hy ûntspringt yn Mongoalië en rint nei it noarden en komt út yn de Karasee.