Jan Siebelink

Ut Wikipedy
Jan Siebelink
skriuwer
Jan Siebelink, 2016
Jan Siebelink, 2016
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jan Geurt Siebelink
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 13 febrewaris 1938
berteplak Felp
wurk
taal Nederlânsk
sjenre Roman, koart ferhaal, essay
bekendste
  wurk(en)
Knielen op een bed violen
prizen Ferdinand Bordewijk Priis, AKO Literatuerpriis
jierren aktyf 1975-no
offisjele webside
http://www.jansiebelink.nl
Jan Siebelink yn 2007

Jan Geurt Siebelink (Felp, 13 febrewaris 1938) is in Nederlânske skriuwer en essayist.

Siebelink waard grut yn in strang-godstsjinstich kristlike hûshâlding. Hy waard learaar Nederlânsk en Frânsk en studearre yn syn frije tiid Frânske taal- en letterkunde. Neist syn baan fan learaar begûn er mei it skriuwen fan romans en ferhalen. Syn wichtichste romans binne De herfst zal schitterend zijn, En joeg de vossen door het staande koren, De overkant van de rivier, Vera, Margaretha en it tige bêst ferkochte 'Knibbelje op in bêd fan fioelsjes'. Yn it lêste boek ferhellet Siebelink fan it godstsjinstige fermidden dêr't syn heit ta hearde en hoe't er dêr sels yn belutsen waard. Fan Knielen op een bed violen wiene yn 2008 mear as 500.000 eksimplaren ferkocht.

Siebelink skreau ek essays oer de Frânske dekadinte literatuer (J. K. Huysmans).

Underskiedingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Nachtschade (1975)
  • Een lust voor het oog (1977)
  • J.K. Huysmans, Tegen de keer (1977)
  • Weerloos (1978)
  • Oponthoud (1979)
  • De herfst zal schitterend zijn (1980)
  • De reptielse geest (1981)
  • En joeg de vossen door het staande koren (1982)
  • Arnhem. Beeld en verbeelding (1983)
  • Koning Cophetua en het bedelmeisje (1983)
  • De hof van onrust (1984)
  • De prins van nachtelijk Parijs (1985)
  • Ereprijs (1986)
  • Met afgewend hoofd (1986)
  • Schaduwen in de middag (1987)
  • De overkant van de rivier (1990)
  • Hartje zomer en andere verhalen (1991)
  • Pijn is genot (1992)
  • Met een half oog (1992)
  • Verdwaald gezin (1993)
  • Laatste schooldag (1994)
  • Dorpsstraat Ons Dorp (1995)
  • Vera (1997)
  • Daar gaat de zon nooit onder (1998)
  • Schuldige hond (1998)
  • De bloemen van Oscar Kristelijn (1998)
  • Bergweg 17, Bosweg 19 (1999)
  • Mijn leven met Tikker (1999)
  • Engelen van het duister (2001)
  • Margaretha (2002)
  • Knielen op een bed violen (2005) (ek ferskynd as audioboek)
  • De kwekerij (2007)
  • Suezkade (2008)
  • Het lichaam van Clara (2010)
  • Oscar (2012)
  • Daniël in de vallei (2013)
  • De blauwe nacht (2014)
  • Margje (2015)
  • De buurjongen (2017)
  • Jas van belofte (2019, boekewikepresint)
  • Maar waar zijn die duiven dan (2020)
  • Brengschuld (2022)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jan Siebelink fan Wikimedia Commons.