Jan Marijnissen

Ut Wikipedy
Jan Marijnissen, 2006

Johannes Guillaume Christianus Andreas (Jan) Marijnissen is in Nederlânsk politikus. Troch in kombinaasje fan funksjes wie er jierrenlang it gesicht fan de Sosjalistyske Partij (SP).

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jan Marijnissen is berne yn Oss op 8 oktober 1952 as de jongste fan fjouwer bern yn in katolyk hûshâlden. Hy hat syn HBS-oplieding net ôfmakke en rekke oan it wurk yn in woarstenfabryk en letter as lasker yn de metaalyndustry.

Hy is troud mei Mari-Anne dy ’t ek riedslid en wethâlder foar de SP west hat yn Oss. Sy hawwe ien dochter Lillian (berne yn 1985) dy’t bekend wurden is as fakbûnsbestjoerder fan de FNV en sûnt maart 2017 yn de Twadde Keamer sit foar de SP.

Polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jan Marijnissen wie yn 1972 ien fan de oprjochters fan de SP. Yn 1976 kaam er yn de gemeenteried fan Oss, dêr ’t de SP trije sitten hie. Hy wie mei 23 jier it jongste riedslid fan Nederlân. Hy is riedslid bleaun oant 1993. Dêrneist siet er fan 1987 oant 1989 yn de Provinsjale Steaten yn Noard-Brabân.

Hy waard yn 1988 partijfoarsitter, wat er bleaun is oant 2015. Ek waard er yn 1994 keazen yn de Twadde Keamer, de SP krige doe foar it earst twa keamersitten. Hy siet oant 2010 yn de Keamer, fan 1994 oant 2008 as fraksjefoarsitter. Doe moast er út reden fan sûnens in stapke werom dwaan. Under syn lieidng is de partij groeid fan twa sitten yn 1994 oant 25 yn 2006.

Persoanlikheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy is in goede debater dy’t in liedende rol spile hat by de groei fan syn partij. Fanwege syn suksessen wurdt ek wol “de Tovenaar út Oss” neamd.Hy wie ek wol ûngeduldich tsjinoer partijgenoaten en net altyd like maklik yn de omgong. As Keamerlid stie er ek wol bekind om syn wat rebelske hâlding.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy hat in oantal boeken publisearre:

  • Samenleven kun je niet alleen (1993)
  • Tegenstemmen, een rood antwoord op paars (1996)
  • Effe Dimmen! Een rebel in Den Haag (1998)
  • De laatste oorlog, tegearre mei Karel Glastra van Loon (2000)
  • Schrale rijkdom: de erfenis van acht jaar paars (2003)
  • Nieuw Optimisme (2003)
  • Waar historie huis houdt (2005)
  • Kijk op deze tijd (2013)

boarnen/boarnefernijing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • (ned) [1] hiemside SP
  • (ned) [2]parlement.com