Jan Duiker

Ut Wikipedy
De Iepenloftskoalle yn Amsterdam-Súd út 1929-1930. Foto: bma.amsterdam.nl.

Jan Duiker (De Haach, 1 maart 1890 - Amsterdam, 23 febrewaris 1935) wie in Nederlânsk arsjitekt mei in frijwat koarte beropskarriêre. Fan likernôch 1920 oant 1935, it jier fan syn betide ferstjerren, heart it wurk fan Duiker, neffens in soad minsken, ta it bêste fan de Nederlânske arsjitektuer. Aldo van Eyck set him by de meast fernimstige arsjitekten dy't der west binne. Duiker wie in wichtich fertsjintwurdiger fan de Nije Saaklikens of it Nije Bouwen fan de jierren '20 - '40.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Duiker waard berne as soan fan haadûnderwizer Fokke Duiker en Frederika Rosenveldt. Hy folge de HBS en die yn 1907 ein-eksamen. Hy twifele tusken in stúdzje boukunde en muzyk. Yn 1908 sette er útein mei de stúdzje boukunde oan de Technyske Hegeskoalle Delft, dêr't er befreone rekke mei Bernard Bijvoet.
Yn 1913 studearren sy beide ôf. Sy gienen oan it wurk by it buro fan prof. Henri Evers, dy't ûnder oaren it tafersjoch hie op de bou fan it troch him ûntwurpen stedhûs fan Rotterdam. Yn 1916 dienen Duiker en Bijvoet yn Zandvoort foar harsels as arsjitekten. Healweis de jierren 1920 ferbruts Bijvoet de gearwurking mei Duiker. Hy ferfarde nei Parys en gie oan 't wurk by it buro fan de Frânske arsjitekt Pierre Chareau.

De heldere en funksjonele arsjitektuer fan Duiker is trochsichtich, strang, sa moai at kin mei hast neat.

Wichtichste wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Book of Abstracts, First International DOCOMOMO Conference, Technyske Universiteit Eindhoven,sept 1990
  • Wessel de Jonge, e.a., J.Duiker, bouwkundig ingenieur, útj. Stichting Bouw, 1982.
  • Giovanni Fanelli, Moderne Architectuur in Nederland, 1900-1940,Den Haach, 1978.
  • Dirk Vandeweerdt, 1975, De betekenis van het werk van Ir Jan Duiker voor de Nieuwe Zakelijkheid tijdens het interbellum in Nederland
  • Arsjitektuerstydskrift Forum, jiergong XXII nr 5 (novimber 1971) en 6 (jannewaris 1972)
Haadgebou Sanatoarium Zonnestraal

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]