It Lytse Famke mei de Swevelstokken

Ut Wikipedy
It Lytse Famke mei de Swevelstokken
algemiene gegevens
oarspr. titel Den Lille Pige med
   Svovlstikkerne
auteur Hans Christian Andersen
taal Deensk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1845, Kopenhagen
oarspr. útjwr. C.A. Reitzels Forlag
bondel Nye Eventyr: Andet Bind:
   Anden Samling
oersetting nei it Frysk
Fryske titel It Lytse Famke mei
   de Swevelstokken
publikaasje 1943, Assen
útjouwer Van Gorcum & Co.
oersetter Douwe Tamminga

It Lytse Famke mei de Swevelstokken, yn it oarspronklike Deensk: Den Lille Pige med Svovlstikkerne (Nederlânsk: Het Meisje met de Zwavelstokjes), is in mearke fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Deenske skriuwer en dichter Hans Christian Andersen (1805-1875). It waard foar it earst útjûn yn desimber 1845, yn 'e Dansk Folkekalender for 1846 ("Deenske Folkskalinder foar 1846"). Yn 1848 waard it werútjûn as ûnderdiel fan 'e samling Nye Eventyr: Andet Bind: Anden Samling ("Nije Mearkes: Oarde Bân: Oarde Samling"), yn 'e mande mei fiif oare mearkes (It Ald Hûs, De Wetterdrip, De Lokkige Famylje, It Ferhaal fan in Mem en De Krage). It Lytse Famke mei de Swevelstokken is ien fan Andersen syn bekendste mearkes en waard yn 1943 troch Douwe Tamminga oerset nei it Frysk as ûnderdiel fan 'e bondel Andersen's Folksforhalen en Mearkes.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn It Lytse Famke mei de Swevelstokken, dat eins mear in koart ferhaal as in mearke is, wurdt ferteld hoe't op in kâlde, ûnlijige âldjiersjûn in earm lyts famke noch altiten besiket om har swevelstokken (foarrinners fan 'e lúsjefersprikjes) oan 'e man te bringen, al hat se de hiele dei noch net ien ferkocht. Hoewol't hja bleatfoets yn 'e snie is en dy deis noch gjin hap iten hân hat, doar se net nei hûs ta, want as se dêr oansetten komt sûnder in sint fertsjinne te hawwen, sil har heit har perfoarst op 'e hûd jaan.

Yllustraasje by it mearke.

Dat se siket in hoekje tusken twa huzen op, dêr't se wat beskûl foar de wyn hat en dêr giet se sitten. Fanwegen de kjeld beslút se op 't lêst ien fan 'e swevelstokken oan te stekken. Yn it ljocht fan it flamke sjocht se in hjit opstoke kachel dêr't se har oan waarmje kin. As de swevelstok útgiet, stekt se nijenien oan en sjocht in gastmiel foar har klear stean. De trêde toant har in prachtich fersierde krystbeam en de fjirde lit har har âld beppe sjen, no al skoften wei, dy't de iennichste wie dy't ea goed foar har west hat. Om't se beppe net wer kwyt wol, stekt se dêrop alle oerbleaune swevelstokken yn ien kear oan. Dan sjocht se hoe't har beppe op har ta komt en har út 'e snie tilt en meinimt nei de himel. De oare deis wurdt yn it hoekje tusken de beide huzen har deaferzen lykje fûn.

Adaptaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Andersen skreau syn mearke nei oanlieding fan in tige populêre houtfyk fan in earm bern dat swevelstokken ferkeapet, fan 'e Deenske keunstner Johan Thomas Lundbye, dy't as yllústraasje tsjinne foar in kalinder fan 1843. Mar de úteinlike foarm en ôfrin fan it ferhaal hawwe grif te krijen mei it bekende stribjen fan Andersen, dy't sels yn djippe earmoede opgroeid wie, nei ferbettering fan 'e maatskiplike posysje fan 'e earmen. Sûnt de earste útjefte yn 1845 is It Lytse Famke mei de Swevelstokken adaptearre ta in ferskaat oan oare media, lykas film, animaasje, muzyk en sels in fideospultsje. De Amerikaanske skriuwer Gregory Maguire wreide in eardere werfertelling fan It Lytse Famke mei de Swevelstokken, yn 'e foarm fan in koart ferhaal, yn 2009 út ta in folsleine roman, titele: Matchless: A Christmas Story (matchless kin sawol betsjutte "sûnder gelikens" as "sûnder lúsjefers").

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Andersen, Hans Christian, Andersen's Folksforhalen en Mearkes, Assen, 1943 (Van Gorcum & Comp. N.V. Utjowers), sûnder ISBN-nûmer.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.