It Fliet (wetter)

Ut Wikipedy

It Fliet is in mar yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De mar leit tusken Blauhûs en de Aldegeaster Brekken. Oan de noardkant rint de feart nei Blauhûs en Greonterp, oan de súdkant is de ferbining mei de Sipkemar en de Aldegeaster Brekken.

Midden yn It Fliet is in eilantsje. Oan de súdlike ouwer stiet sylskoalle Vinea Blauhústerpôle.

De namme It Fliet jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Het Vliet.