Hollân (provinsje)

Ut Wikipedy
Provinsje Hollân
Provicie Holland
1814-1840
flagge wapen
Nog geen vlag Wapen fan Hollân
geografyske lokaasje

Hollân (giel) yn it Feriene Keninkryk fan 'e Nederlannen
polityk
lân flagge fan Nederlân Feriene Keninkryk fan 'e Nederlannen (1815-1830)
flagge fan Nederlân Keninkryk fan de Nederlannen (1830-1840)
haadstêd de jure De Haach
de facto De Haach, Haarlim
talen Nederlânsk
foarm Provinsje
ûntstien út Departemint Sudersee
Departemint fan de Mûning fan de Maas
opgien yn Noard-Hollân
Súd-Hollân
no diel fan Noard-Hollân
Súd-Hollân
sifers
ynwennertal 894.000 (1830)[1]
befolkingstichtens
oerflak

De provinsje Hollân wie fan 1814 oant 1840 in Nederlânske provinsje. De haadstêd wie De Haach, mar winliken waarden Noard- en Súd-Hollân doe al apart bestjoerd út De Haach en Haarlim wei.[2]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant 1795 wie it greefskip Hollân in gewest fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. Doe't dy omfoarme waard ta de Bataafske Republyk waard de gânse bestjoerlike yndieling yn 1798 feroare. It súdlike part fan Hollân, mank mei Seelân en it westlike part fan Noard-Brabân, part fan it departemint fan de Skelde en Maas. It midden fan Hollân waard it departemint fan de Delf, it part fan Hollân noardlik fan de Alde Ryn waard it departemint fan Tessel en it gebiet om Amsterdam hinne waard it departemint fan de Amstel. It uterste súdeasten waard part fan it departemint fan de Ryn.

Doe't de Bataafske Republyk yn 1801 it Bataafske Mienebest waard, kamen de âlde grinzen werom. It departemint Hollân waard doe foarme. Doe't yn 1806 it keninkryk Hollân foarme waard, waard it departemint Hollân yn twaen spjalte yn it departemint Maaslân en it departemint Amstellân. De grinzen tusken dy twa departeminten kamen oerien mei dy fan hjoed-de-dei tusken Noard- en Súd-Hollân. Yn 1810 waard it keninkryk Hollân by it Earste Frânske Keizerryk ynlive. It departemint Maaslân waard it departemint fan de Mûning fan de Maas en it departemint Amstellân waard gearfoege mei it departemint Utert ta it departemint Sudersee.

De provinsje Hollân waard offisjeel foarme mei de Grûnwet fan 1814 nei it foarmjen fan it Soeverein foarstedom fan de Feriene Nederlannen, dy't in jier letter oergie yn it Feriene Keninkryk fan de Nederlannen. Hollân wie offisjeel ien provinsje, dochs de skieding fan de Frânske tiid ferdwûn net alhiel. De provinsje hie twa kommisarissen fan de kening en twa kolleezjes fan Deputearre Steaten wie. De Haach wie de haadstêd, mar de facto wiene De Haach en Haarlim beide de haadstêden.

De provinsje Hollân waard yn syn bestean de meast dominante provinsje. It wie de grutste yn oerflak, neffens ynwenners en woltierigens. De oare provinsjes wiene dêr net al te wiis mei. It is mooglik dat dat ek ien fan de oarsaken fan de Belgyske Revolúsje fan 1830 wêze kin. Tsien jier letter yn 1840 waard mei de Grûnwetsferoaring fan 1840 de provinsje yn twaen spjalte om sa in bytsje in lykwicht yn it keninkryk te krijen. Dêrmei ûntstiene de provinsjes Noard- en Súd-Hollân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Noordhoff Atlasproduksjes (2008) De Bosatlas van de Geschiedeniscanon. Grins: Noordhoff Uitgevers.
  2. Encarta-ensyklopedy Winkler Prins (1993-2002) s.v.Holland [geschiedenis]. §3. Holland als deel van de Republiek der Verenigde Nederlanden. Microsoft Corporation/Het Spectrum.