Hoedersdichten

Ut Wikipedy
Hoedersdichten
algemiene gegevens
oarspr. titel Eclogae
auteur Fergilius
taal Latyn
foarm poëzij
sjenre epos
skreaun 42 f.Kr.

De Hoedersdichten of Eklogen, yn it oarspronklike Latyn: de Eclogae (ek wol bekend as de Bucolica), is in lang, ferheljend dichtwurk fan 'e hân fan 'e Romeinske dichter Fergilius (70-19 f.Kr.). Neffens de biografyske tradysje soe Fergilius it skreaun hawwe yn 42 f.Kr., en publisearre er it yn 39 of 38 f.Kr., al wurdt dit tsjintwurdich net mear algemien akseptearre. De Hoedersdichten is opboud út tsien gedichten of "eklogen" ("seleksjes") dy't loskes basearre binne op 'e Bucolica (letterlik: "Oangeande de Fersoarging fan Fee"), in wurk fan pastorale poëzij fan 'e hellenistyske dichter Teokritus.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In edysje út 1481.

Nei syn oerwinning yn 'e Slach by Filippy, yn 42 f.Kr., op it leger dat gearbrocht wie troch de moardners fan Julius Caesar, besocht Oktavianus, de letter keizer Augustus, syn soldaten de soldij te beteljen dy't er harren ferskuldige wie, troch harren lân te jaan yn noardlik Itaalje, dat er foar dat doel de wiere eigners ûntnadere. De tradysje wol dat ûnder dat ûnteigene lân ek in bûtenpleats fan Fergilius syn famylje, deunby Mantua, wie. It ferlies fan syn erfskip en de brútheid wêrmei't de ûnteigenings mank giene, soe Fergilius oanset hawwe ta it dichtsjen fan 'e Hoedersdichten, yn it foarste plak as in melankelike oantins oan syn ferlerne besit, mar ek as in besykjen om it op dichterlike wize werom te winnen. Tsjintwurdich wurdt dit beskôge as in teory op grûn fan beskate ynterpretaasjes fan 'e Hoedersdichten dy't net troch objektyf bewiismateriaal ûnderstipe wurde.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tematysk sjoen ûntwikkelje de tsien "eklogen" pastorale ûnderwerpen en wikselje dy mei-inoar ôf troch te boartsjen mei algemiene ferwachtings. De eklogen I en IX ferhelje oer de ûnteigening fan it grûnbesit en it effekt dêrfan op it Noarditalyske plattelân. II en III ferhearlikje it plattelânslibben en binne teffens tige eroatysk, troch sawol homoseksuële as paneroatyske leafde te besprekken. Ekloge IV, de saneamde Messiaanske Ekloge, brûkt it byld fan it goudene tiidrek yn ferbân mei de berte fan in gâns ûnthjittend bern (oer wa't dat foarstelle moat, is troch de iuwen hinne hiel wat ôftsierd). V en VIII beskriuwe de myte fan Teokritus syn held, de oksehoeder Dafnis; VI de kosmyske en mytologyske sang fan Silenus; VII in ferheftich dichterlik debat; en X it lijen fan 'e kontemporêne treurdichter Gajus Kornelius Gallus, dat in freon fan Fergilius wie. It wie Fergilius dy't yn 'e Hoedersdichten de Grykske lânstreek Arkaadje as in poëtysk ideaal fêstige dat noch altiten wjergalmet troch de Westerske literatuer.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't letter benammen bekend wurden is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes, hat in pear fragminten fan 'e Hoedersdichten yn it Frysk fertaald. Ekloge I en Ekloge IV binne op 'e noed fan Tresoar, al wurdt by de oangeande lemma's yn it digitale argyf fan Tresoar net fermeld oft dizze fragminten ea publisearre binne of út hokker jier oft se datearje (ôfsjoen fan 'e tafoeging "20e eeuw").

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Fergilius, Ekloge I (oers. Klaas Bruinsma), 19??, Tresoar: oanfraachnû. 088.223.
  • Fergilius, Bucolica, Ekloge IV (oers. Klaas Bruinsma), 19??, Tresoar: oanfraachnû. 088.113.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.