Hjouwer

Ut Wikipedy
hjouwerplant

Hjouwer (Avena sativa) is in ienjierrige plant út de gerzefamylje (Poaceae). Strúshjouwer is in âlde fariëteit mei in kompakte bloeiwize. Hjouwer is in nôtsoarte dy't al sûnt 7000 foar kristus teeld wurdt. Hjouwer komt oarspronklik út Súdeast-Europa en Súdwest-Aazje en is ûntstien út oat (Avena sterilis).

De plant wurdt ûngefear 1,2 m heech. It 5 mm brede tonkje is takkele. De plant bloeit yn juny en de bloeiwize is in plom. De ierkes besteane út twa blommen, dy't harsels bestowe. De kroantsjêfkes binne sûnder nulle of lykas by neakene hjouwer net folslein mei nullen. De fruchten binne ryp yn augustus.

Oant yn de Lette Midsiuwen wie hjouwer yn Nederlân op de sângrûnen in wichtich gewaaks. Yn Nederlân wurdt ûngefear 1750 hektare (2014) hjouwer yn it jier ferboud mei in opbringst fan 6100 kilo de bunder.[1] Eartiids waaard der neist de wite ek giele en swarte hjouwer ferboud.

Der binne ek rassen mei bleat lizzende siedden dy't benammen yn Ingelân ferboud wurde. By neakene hjouwer bliuwe by de ripe kerrels de tsjêfkes net om de kerrel sitten wat by gewoane hjouwer wol sa is.

Hjouwer waard doe ferboud foar minsklike konsumpsje (hjouwerkoeken, hjouwerbrij en hjouwersop) en ek foar feefoer. Hjouwer wie ek it wichtichste nôt foar de bierbrouwerij. Pas letter is de hjouwer yn de bierbrouwerij ferkrongen troch brougarst. Hjouwer wurdt brûkt as hynstefoer en foar de produksje fan hjouwermoutflokken en hjouwernoal.

Der is bewiis fûn dat hjouwer in golesterolferleegjende wurking hat wat laat hat ta de akseptaasje fan hjouwer as sûnensiten (health food). [2]

Ynhâldstoffen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dêrneist sit yn hjouwer saponinen, keizelsoer, kobalt, magnesium, izer, de fitamines K, E, B1, B2, B6 en karotenen.

Foto's[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. cbs.nl: Akkerbouwgewassen; produksje, nei regio
  2. Sjoch referinsjes Ingelsktalich artikel en:Oat