Histoarysk drama

Ut Wikipedy

In histoarysk drama is in toanielstik, film (histoaryske film) of dramasearje op 'e tillefyzje (histoaryske dramasearje) dy't spilet yn in histoarysk tiidrek. Nettsjinsteande dat bliuwt it fiksje, en geregeldwei wurde dêrby feiten ferdraaid of feroare om bygelyks ferhaaltechnyske redens. Faak wurdt sa'n wurk ek wol in kostúmdrama neamd, om't de akteurs har ferklaaie moatte yn klean (kostúms) dy't yn dy perioade troch de minsken droegen waarden. Dat hoecht lykwols net perfoarst. Histoaryske drama's foarmje de aktearre wjergader fan histoaryske fiksje, lykas de histoaryske roman.

By it mêd fan it histoarysk drama kinne in protte sjenres fan film en tillefyzje ûnderbrocht wurde. Sa binne der swurd-en-sandalefilms en -searjes (dy't spylje yn 'e Aldheid), ridderfilms en -searjes (spyljend yn 'e Midsiuwen), piratefilms en -searjes (meastal spyljend yn 'e achttjinde iuw), westernfilms en -searjes (spyljend yn it Wylde Westen fan 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw, en fierders oarlochsfilms en -searjes, aventoerefilms en -searjes en films en searjes fan it sjenre fan 'e histoaryske romantyk. Fansels kinne histoaryske drama's ek spylje yn histoaryske tiidrekken dêr't gjin spesifyk sjenre foar bestiet, lykas de Renêssânse of de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren.

In histoarysk drama kin spylje yn in dizenich histoarysk tiidrek dat oan 'e úteinen stadichoan oergiet yn oare tiidrekken, lykas de Midsiuwen of de tiid fan it Wylde Westen, mar it kin ek yn in dúdlik ôfbeakene perioade spylje, lykas de Napoleontyske Oarloggen of de Roaring Twenties. It kin fierders basearre wêze op wiere foarfallen en histoaryske persoanen, mar it kin ek poere fiksje wêze, dy't allinnich mar yn in histoarysk ramt pleatst is. As besocht wurdt om histoaryske persoanen of foarfallen te ferfilmjen, is it foar de regisseur saak om ûndersyk te dwaan nei de histoaryske perioade om út te finen hoe't de minsken doe libben, wennen en wurken, wat se ieten, hoe't se tochten en hokfoar klean oft se droegen. Docht men dat net, dan slûpe der perfoarst anagronismen yn, en dan kin men krityk fan histoarisy ferwachtsje. Films en searjes dêr't besocht wurdt sekuer de ferfilme perioade yn byld te bringen, wurde ek wol dokudrama's neamd.

De earste histoaryske film wie foar 't neist The Execution of Mary Stuart út 1895. Hjirûnder in stikmannich oare foarbylden fan histoaryske drama's, yn folchoarder fan 'e histoaryske perioaden dêr't se yn spylje.

films
tillefyzjesearjes

It is ek mooglik dat histoaryske 'drama's' (in term dy't eins ferwiist nei it bredere sjenre fan it drama, en dy't in earnstige toan ymplisearret) eins komeedzjes binne dy't yn in histoaryske kontekst pleatst binne. Dat komt net sa'n hiel soad foar, mar it kin wol. Men kin dan tinke oan films as Robin Hood: Men in Tights en oan komeedzjesearjes as That '70s Show.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.