Het Drentse Landschap

Ut Wikipedy
Nuilerveld

Stichting Het Drentse Landschap (It Drintske Lânskip) is it Provinsjale Lânskip yn Drinte dy't te'n doel hat om it Drintske lânskip en kultuerhistoarje, lykas pleatsen en oare karakteristike gebouwen, te behâlden. De stichting waard yn 1934 opjochte.

De stichting behertigt ek de belangen fan Stichting Drentse Boerderijen, Stichting Oude Drentse Kerken, Stichting drs. A.V.J. den Hartogh Fonds en it Fonds Onrendabele Gebouwen. It Drintske Lânskip is oansletten by de oerkoepeljende stichting LandschappenNL.[1]

De stichting hat yn de rin fan de jierren ferskate terreinen oankocht yn Drinte. Dy besittingen binne net allinne bosken, heidefjilden, lângoeden en beekdellings, mar ek puollen, wâlen, singels en sânreden. De stichting beheart boppedat sa'n 250 monumintale gebouwen en is ferantwurdlik foar de 21 provinsjale hunebêden. In soad huzen wurde troch de stichting ferhierd as wen- of wurkromte, of bygelyks as hoarekagelegenheid of fergaderlokaasje.

De pleats Tichelwerk yn De Kleibosch wurdt beheard troch de stichting

Yn de jierren sechstich fan de 20e iuw krigen organisaasjes dy't it foar de natuer opnommen hiene, de wyn wat mei. Fan doe ôf koe it Drintse Lânskip njonken de bydragen fan har begeunstigers ek beskikke oer mienskipsmiddelen om natuergebieten en monuminten oan te keapjen en te behearen.

By de opheffing fan de stichting Oud Drenthe waarden de besitting dêrfan oerdroegen oan Het Drentse Landschap. It gie om fiif kultuerhistoaryske objekten dêr't de Swartedyksterskâns yn de gemeente Noardenfjild ek by wie.

De groei fan it terreinbesit fan Het Drentse Landschap yn sifers:

  • 1960: 26 hektare
  • 1970: 1112 hektare
  • 1980: 2464 hektare
  • 1990: 4271 hektare
  • 2000: 5594 hektare
  • 2006: 7550 hektare
  • 2017: 8760 hektare

Terreinen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Doldersumerfjild (2004)
It Drouwenersân

Terreinen beheard troch Het Drentse Landschap:

Hijkerfjild 883,6 ha
Reestdelling 728,9 ha
Doldersummerfjild 460,5 ha
Hunzedelling 411,5 ha
Bûtenpleats Vossenberg 391,5 ha
Scharrefjild 275,6 ha
Boerenveensche Plassen 258,3 ha
Drouwenersân 222,3 ha
Dalerpeel 165,7 ha
Het Groote Zand 164,2 ha
Smilder Oosterveld 144,7 ha
Takkenhoogte 141,9 ha
De Kleibosch 134,3 ha
Bûtenpleats Vledderhof 115,4 ha
Uffelter Binnenfjild 106,2 ha
Nuilerfjild 60 ha
Swartedyksterskâns (net bekend)

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: