Hendrick Goltzius

Ut Wikipedy
Selsportret
Salomo's Oardiel. ± 1590.

Hendrick Goltzius (Mülbracht, 1558 - Haarlim, 1 jannewaris 1617) wie in Nederlânsk grafeur, tekener en keunstskilder.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy waard berne yn it Dútske Mülbracht (no Bracht) by Venlo. Yn 1577 folge er de humanist Dirck Volkertsz. Coornhert, by wa't er learling wie, nei Haarlim. Goltzius hie in misfoarme rjochter hân feroarsake troch in brân yn syn poppejierren. Letter die bliken dat de hân dêrtroch tige geskikt wurden wie foar it hantsjen fan de gravearnulle.

Mei 21 jier troude er in nochal âldere begoedige widdo, sadat er in eigen saak yn Haarlim begjinne koe. Sy koene it lykwols net mei inoar fine en Goltzius syn sûnens hie dêrfan te lijen. It soe ien fan de redenen west hawwe foar syn lettere reis troch Dútslân en Itaalje. Yn augustus 1591 kaam er in stik sûner werom en hat fierder oan syn dea ta yn Haarlim wurke.

De earste helte fan syn wurksume libben wie er foaral graveur; earst wurke er neffens it foarbyld fan oaren, mar letter op syn eigen maniëristyske styl, beynfloede troch Bartholomeus Spranger. Mei Cornelis van Haarlem en Carel van Mander foarme er in soarte fan Haarlimsk trijemanskip fan it maniërisme. Nei de reis nei Itaalje waarden syn eksuberante grafyske wurken in stik soberder. As graveur wie er tige betûft en ien fan de grutsten ea. Hy wurdt wat dat oanbelanget wol fergelike mei Dürer. Earst om 1600 hinne begûn er te skilderjen. Fral portretearjen (faak miniatueren) koe er goed, mar letter kamen der gruttere figuerstikken by. De lettere útfiner Cornelis Drebbel wie in skoft by him yn de lear en dy troude Goltzius syn jongere suster Sophia.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 1590 hinne makke er de print Salomo's Oordeel. Dy print liket Salomo syn oardiel foar te stellen, mar is in allegoaryske oanklacht tsjin de ynkwisysje. Filips II is ôfbyld as de Crudelis princeps, de wrede foarst, dy't omjûn is fan minne riedslju (dy't de ynkwisysje foarstelle, Dr. Gladius (swurd), Dr. Laqueus (tou), Dr. Aqua (it dilutes) en Dr. Ignis (fjoer)) en in wiere mem, Vera Ecclesia, en in falske mem, Falsa Ecclesia. It deade bern op de trep stelt Barabbas foar. [1]

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Referinsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. Ketters en Papen onder Filips II. Het godsdienstig leven in de tweede helft van de 16e eeuw (Utstallingatalogus), Utert (Ryksmuseum it Catharijnekonvint), 1986, s. 109
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hendrick Goltzius fan Wikimedia Commons.