Hantumhuzen

Ut Wikipedy
Hantumhuzen
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 210 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 4,88 km², wêrfan
lân: 4,86 km²
wetter: 0,02 km²
Befolkingsticht. 43 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 22' N 5° 50' E
Offisjele webside
Side 4hdoarpen
Kaart
Hantumhuzen (Fryslân)
Hantumhuzen

Hantumhuzen is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Hantumhuzen leit noardlik fan Hantumerútbuorren, eastlik fan Hantum, westlik fan Easternijtsjerk en besuden Wierum. Hantumhuzen hat 210 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn leit oan de Loubuorren, op de terp fan Hantumhuzen.

De buorskip Hantumerhoeke (diel) heart ek by Hantumhuzen.

Hantumerhoeke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de ôfslach fan de Fennewei en de Bangawei is Hantumerhoeke ûntstien. Dêr stiet de streekskoalle. Ek de eardere grifformearde tsjerke stiet dêr.

De Sint-Annetsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

2023 Hantumhuzen, Sint-Annatsjerke (1)
De Wikipedy hat ek in side Sint-Annetsjerke (Hantumhuzen).

De ynboude toer fan de oan de hillige Anne wijde tsjerke sil om 1200 hinne boud wêze. Der hinget in klok yn út 1616. De bou fan it skip folge yn 'e earste helte fan de 13e iuw. De Annetsjerke is ien fan de moaiste foarbylden fan de romanogoatyske tsjerkebou yn Fryslân. De tsjerke wie ien fan de earste bakstiennen tsjerken yn Fryslân (boarne?).

Yn de tsjerke is in rokokopreekstoel en in epitaaf foar Pibo Eminga en syn frou Biueck Sioerda (1563) en in grêfstien dy’t ta neitins oan Amko Jaarla. De tsjerke hat in stiennen meloenferwulften mei skildere ribben.

It koer is der yn de 18e iuw oan tafoege. By de restauraasje fan 1939 oant 1942 binne de finsters oanpast oan de 13e-iuwske styl fan de rest fan de tsjerke. De tsjerke is yn behear by de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

States[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

't Hûs Peyma

Fan Hantumhuzen binne fiif staten bekend. Poptastate is as in let-18e-iuwske kop-hals-romppleats oerbleaun binnen de âlde grêft. In part fan de âlde stinsmuorre (105 cm dik) is noch werom te finen tusken de hals en de kop. Poptastate soe it stamhûs fan de Popta's yn Marsum west hawwe (Poptagasthûs), mar genealogyske bewiis is dêrfoar net fûn. Westlik oan de râne fan it doarp lei Bangastate, no in pleats en súdlik fan de tsjerke, no ek in pleats, lei Heringastate; noardlik fan de tsjerke Peymastate en Rintjemastate.

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2019 leit Hantumhuzen yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferieningslibben fan it doarp is in soad yn 'e mande mei Hantum, Hantumerútbuorren en De Lytse Jouwer. De doarpen jouwe ek mienskiplik it doarpsblêd 'Hichtepunten fan de 4H-doarpen' út. Hantumhuzen hat mei Hantumerútbuorren in eigen doarpsbelang en it doarpshûs 'it Tiksel'.

Eartiids foarmen de ynwenners in hecht doarp. It doarp hie eigen foarsjennings, mar der kaam in ein oan it winkelbestân en de ambachtsminsken, sa't Hantumhuzen wer oanwiisd wie op it memmedoarp Hantum, dêr't letter ek de lêste winkel sletten waard. Tsjerklik hie Hantumhuzen in otterdokse ynslach.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skoalle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Paadsje

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Master Galstrjitte

Aktiviteiten*[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Keningsdei: blommeferkeap en bernemerk;
  • Jierliks kuiertrijedeiske en tipeljen (simmerdeis);
  • Hardersoptocht op jûntiid 24 desimber (op 'e siik nei de kryststâl);
  • Doarpsfeest alle ûneven jierren;
  • Mienskiplik doarpsfeest mei Hantumerútbuorren, Hantum en De Lytse Jouwer mei fersierde weinen: alle even jierren.

(*) Sjoch foar aktuele akiviteiten en data dêrfan op de aginda fan de doarpsside.

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013 2014 2015 2016
Ynwenners 269 389 371 335 300 260 250 200 190 200 200
Jier 2017 2018 2019 2020 2021 2022
Ynwenners 195 210 215 220 215 220

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

't Smidsplein, Balstienwei, Bangawei, Dokkumerwei, Fennewei, It Paadsje, Kamphuisstrjitte, Loubuert, Master Galstrjitte, Portmawei, Wierumerwei.

Publikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Wurkgroep fan 7 persoanen mei as foarsitter Jelle Jan de Wilde: " Oerliz is it heale wurk..., Stinnen de oare helte"

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Noardeast-Fryslân
Flagge fan de gemeente Noardeast-Fryslân
Stêd: Dokkum

Doarpen en útbuorrens: AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum

Buorskippen: Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden