Grutte Dobbe

Ut Wikipedy
In lânkaart fan 'e Grutte Dobbe.

De Grutte Dobbe (Ingelsk: Great Basin) is in ûnbidige depresje yn it súdwestlike part fan it Noardamerikaanske kontinint, dy't suver de hiele Amerikaanske steat Nevada omfettet, rûchwei de westlike helte fan Utah en fierders grutte dielen fan Kalifornje en Oregon, en teffens de súdeastlike punt fan Idaho en in lytse hoekje fan Meksiko direkt súdlik fan it binnenlânske diel fan 'e Kalifornyske grins. De regio, dy't 477.664 km² beslacht, wurdt frijwol hielendal troch bergen en heechflakten omjûn.

De Grutte Dobbe foarme yn in prehistoarysk ferline in grutte binnensee, mar bestiet no fierhinne út woastyn, al binne der ek legere berchtmen, rivierdellingen en ferskate marren, dêr't de Grutte Sâltmar de grutste fan is. Hast alle rivieren yn it gebiet belúnje stadichoan ta weiwurden, en inkeld de rivier de Kolorado berikt ea de see. It leechste punt fan 'e Grutte Dobbe is it Badwater Basin, yn Death Valley, op 86 m ûnder seenivo, wylst it heechste punt yn 'e omjaande bergen dat noch ta de Grutte Dobbe rekkene wurdt, de top fan Mount Whitney yn 'e Sierra Nevada is, op 4.421 m.

De beide grutste stêden yn 'e Grutte Dobbe binne Salt Lake City yn it easten, en Reno yn it westen. It gokmekka Las Vegas falt krekt bûten it gebiet. Hoewol't it yn 'e Grutte Dobbe simmerdeis gleonhjit is, kin it der by 't winter nachts stjerrende kâld wêze. Sa is it yn Fallon, yn Nevada, yn july oerdeis trochinoar 33,4 °C, mar yn jannewaris nachts trochinoar –7,7 °C. De Grutte Dobbe stiet bekend om 'e drûchte, al moat dêrby oantekene wurde dat it westlike diel, dat yn it reinskaad fan 'e hege Sierra Nevada-bergen leit, minder delslach kriget as it eastlike diel.

Oars[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Fryske sprektaal wurdt mei "de Grutte Dobbe" ek wol de Atlantyske Oseaan bedoeld. "Oer de grutte dobbe stekke" betsjut dan: "nei Amearika ferfarre".

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.