Grottekleaster fan Pskov

Ut Wikipedy
Grottekleaster fan Pskov

Псково-Печерский монастырь

Tsjerken fan it Grottenkleaster fan Pskov.
Tsjerken fan it Grottenkleaster fan Pskov.
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Pskov
plak Petsjory
koördinaten 57° 48' N 27° 36' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1473
Ynformaasje bou
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 601520304470006
Webside
Side fan it kleaster
Kaart
Grottekleaster fan Pskov (Jeropeesk Ruslân)
Grottekleaster fan Pskov

It Pskov-Petsjory-kleaster of it Pskovo-Petsjerksi Untsliepenis-kleaster (Russysk: Пско́во-Печ́ерский Успе́нский монасты́рь, Estsk: Petseri klooster) is in Russysk-otterdoks kleaster foar muontsen yn Petsjory yn 'e oblast Pskov, Ruslân. It kleaster leit in pear kilometer fan 'e grins mei Estlân en lei fan 1920 oant 1945 op it grûngebiet fan dat lân. Dêrmei wist it kleaster te ûntkommen oan 'e slutingsweach fan kleasters yn 'e Sovjet-Uny tsjin 'e ein fan 'e jierren 1920. It kleaster bleau as útsûndering op'e regel yn de hiele skiednis en ek yn 'e hiele 20e iuw in bewenne en aktyf kleaster.

Stifting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 16e iuwske muorren.

Yn 1473 waard op it plak in grottsjerke ynwijd ta eare fan 'e himelfeart fan 'e Mem Gods, dy't troch in sekere Jehannes yn in heuvel fan sânstien úthoud wie. Dêrby waard er troch syn frou holpen en nei har dea naam er it beslút muonts te wurden en de monastike namme Jona oan te nimmen. Der bestiet lykwols gjin betroubere ynformaasje oer de stifting fan it kleasterlibben en der hawwe ek gjin wittenskiplike stúdzjes west oer de oarsprong fan 'e grotten fan it kleaster. De muontsen soene harren nei wenjen setten ha yn 'e grotten, nei't se fanút it suden nei Pskov flechten foar de ynfallen fan 'e Krimtataren. Nei de bou fan 'e earste tsjerke ûntstie der al gau in lyts kleaster. De grotten waarden yn 'e rin fan 'e tiid troch de muontsen brûkt om harren bruorren yn te begraven.

It kleaster lei op 'e grins fan Ruslân en Liiflân. Neffens de kroniken fan it kleaster waard it mear as in kear ferwoastge troch de buorlju fan 'e oare kant fan 'e grins. It offisjele begjin fan it kleaster wie 1519, doe't Moskou it strategyske belang fan it kleaster ûnderkende fanwegen it 20 kilometer fierderop oan 'e oare kant fan 'e grins lizzende Letske fort Neuhausen. Yn 1523 waard it kleaster fersterke mei houten ôffredings, de grottsjerke waard fergrutte en der waard in nije, oan Antonius en Teodosius (de stifters fan it Kiëvske Petsjersk-lavra) wijde, tsjerke byboud. Ek it hânfêst fan it kleaster waard ôfstimd op dat fan it Kiëvske Petsjersk-lavra.

Heechtijdagen fan it kleaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It berou fan Ivan de Grousume; Ivan smet hegumen Kornelius om him as muonts te segenjen. (Skilderij fan Klavdi Lebedev).

Under it bestjoer fan abt Kornelius ûndergie it kleaster in tiidrek fan grutte bloei. Yn 1541 liet er in refter mei in tsjerke tafoegje, joech er opdracht ta in fergrutting fan 'e katedraal en liet er mear kleastergrotten útgrave. Under syn bewâld feroare it kompleks ek yn in sterk fort mei stiennen ferdigeningsmuorren (1558-1565) en de poartetsjerke fan 'e hillige Nikolaas (1564 of 1565). Abt Kornelius, dy't letter de status fan in te ferearjen martler krige, ferstoar yn 1570. Neffens de measte skiedkundigen en de Russysk-Otterdokse Tsjerke waard er persoanlik troch tsaar Ivan de Grousume fermoarde, om 't dy de abt fan ferried en it stypjen fan in yn ûngenede fallen prins fertocht. Neffens in manuskript yn it Trije-ienheid-Sergius Lavra fûn de moard plak by de poarte fan it kleaster. De tsaar krige fuort spyt fan 'e moard en droech it deade lichem mei eigen hannen nei de Untsliepeniskatedraal. Sûnt dy tiid wurdt it paad fan 'e Nikolaastsjerke nei de Untsliepenistsjerke it "Bluodrige Paad" neamd. Ynearsten waard de abt yn 'e grotten byset, mar letter opgroeven en yn in skryn yn 'e katedraal te rêste lein.

De muorren fan Kornelius holden it kleaster 150 jier feilich en sloegen oanfallen fan Poalske en Sweedske troepen ôf, mar nei de Grutte Noardske Kriich fan 1700-1721 ferlear it kleaster it strategyske belang.

De Michaelkatedraal.

Michaelkatedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't yn 1758-1759 de Foarbeatsjerke en yn 1792-1800 de Lazarustsjerke boud waarden, waard yn 1815 útein set mei de bou fan in nije katedraal. De yn 1827 foltôge katedraal waard yn klassisistyske styl neffens in plan fan 'e Italjaanske arsjitekt Luigi Rusca útfierd en is it grutste tsjerkegebou fan it kleaster. De nijbou fan 'e oan 'e aartsingel Michael wijde katedraal fûn plak út tankberens foar de befrijing fan 'e Frânske ynfallers.

Ynterbellum en Twadde Wrâldkriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1920-1940 foel it kleaster yn 'e grinzen fan Estlân. Yn dy tiid waarden kleasters yn Sovjet-Uny ferbean en in soad dêrfan mei de grûn lykmakke. Doe't nei de Dútske besetting yn 1944 de grins ferskode en it kleaster yn 'e Sovjet-Uny kaam te lizzen, bleau it iepen. By loftoanfallen op it kleaster troch de loftmacht fan 'e Sovjet-Uny yn 'e nacht fan 31 maart nei 1 april 1944 kaam Makarius, biskop fan Novgorod, om it libben. Under de besetting fan 'e Dútsers bearden de muontsen dat hja lojaal oan it rezjym wiene, mar ûndertusken beaën hja minsken, dy't troch de Gestapo socht waarden, in skûlplak yn 'e tsjerken. Yn 'e tiid fan 'e Dútske besetting foarme it kleaster in kongres- en moetingssintrum foar hegere geastliken. Nei de befrijing troch it Reade Leger naam abt Pavel sit yn 'e kommisje dy't misdieden fan 'e besetters yn Pskov en omkriten ûndersykje moast, mar yn oktober 1944 waard er ûnferwachts arrestearre. De abt waard beskuldige fan kollaboraasje en dêr 15 jier foar feroardiele. Hy ferstoar yn 1950 en waard pas yn 1997 wer rehabilitearre.

Nei de kriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de kriich wiene der noch mar twa aktive otterdokse kleasters op it grûngebiet fan 'e Russyske Sosjalistyske Federative Sovjetrepublyk: it yn 1946 wer iepene Trije-ienheid-Sergius Lavra en it Pskovo Petsjerki-kleaster. Under de nije ferfolgings fan Nikita Chrûsjtsjov yn 'e jierren 1960 fersette abt Alipij him mei súkses tsjin it sluten fan it kleaster. Yn syn tiid waarden de muorren, de tsjerken en oare gebouwen renovearre en kamen fan 'e nazy's stellen keunstwurken nei it kleaster werom. Ek yn 'e jierren 1980 fûnen der restauraasjes plak.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hillige Poarte
  • Katedraal fan 'e Aartsingel Michael (1815-1820)
  • Antonius en Teodosiustsjerke (1988-1995)
  • Ferkundigingstsjerke (1541)
  • Kornelius fan Pskovtsjerke (1986)
  • Lazarustsjerke (18e iuw)
  • Sint-Nikolaastsjerke (1565)
  • Foarbeatsjerke
  • Siméon fan Pskovtsjerke (2005)
  • Tsjerke fan 'e Presintaasje fan 'e Hear (1870)
  • Grottsjerke fan 'e Untsliepenis fan de Mem Gods (1523)
De koepels fan de Foarbeatsjerke.

Grotten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It hiele kleasterkompleks waard oer twa systemen fan grotten boud, dêr't tûzenen muontsen begroeven waarden. De tichtebylizzende grotten hawwe in u-foarmich grûnplan en in lingte fan 15 meter. Dêr binne de û.o. de grêven fan de stifter en syn frou te finen fan it kleaster. De barokke, mei blauwe en gouden koepels bekroande, Foarbeatsjerke foarmet de tagong fan 'e grotten. De grot kin in besite brocht wurde en foar it ljocht krije de besikers in kears. De fierderlizzende grotten binne yn prinsipe net tagonklik en besteane út ferskillende tsjerken en sân ûndergrûnske gongen mei in lingte fan likernôch 200 meter. It is it begraafplak fan it kleaster en ek binne dêr yn it ferline fromme leken byset.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: