Gild Fryske Mounders

Ut Wikipedy

It Gild Fryske Mounders is in feriening fan frijwillige mûnders, fêstige yn Ljouwert mei as doel derfoar te soargjen dat der genôch mûnders beskikber binne om alle tradisjonele wynmûnen yn Fryslân op ferantwurde wize yn it wurk te hâlden. It docht dat yn it earste plak troch it oanbieden fan in oplieding ta frijwillich mûnder. De feriening komt elk heal jier gear op de Algemiene Ledegearkomst. Fierder fersoarget it ekskurzjes yn de mande mei Stichting De Fryske Mole en jout it kwartaalblêd 'De Utskoat út mei nijs en eftergrûnen út de Fryske mûnewrâld.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Gild Fryske Mounders waard oprjochte yn 1975[1] as ôfsplitsing fan it Gilde van Vrijwillige Molenaars benammen út ûnfrede oér de manier wêrop it eksamen oan 'e ein fan de oplieding ta frijwillich mûnder ôfnommen waard troch de eksamenkommisje fan De Hollandsche Molen. De earste jierren wienen roerich mei argewaasje sawol yntern yn it bestjoer as ekstern mei it Gilde fan Frijwillige Mûnders. Nei in stikmannich jierren waard dúdlik dat der mei it Gilde van Vrijwillig Molenaars gjin oerienstimming te berikken wie oer in herfoarming fan it eksamen.[2] It Gild Fryske Mounders fart dan lange tiid in ûnôfhinklike koerts mei in eigen opliedingstrajekt en eksamen. It oantal leden groeide geandewei fan 30 by oprjochting nei 150 yn 1994 al bleauwen der hieltiten soargen oer it tal mûnders yn oplieding.[3] Yn 1998 folge in nije lympoging tusken beide gildes wêrby't it Fryske gilde fusearre mei de Fryske ôfdieling fan it Hollânske gilde[4] en alle Fryske diploma's waarden omsetten yn getúchskriften fan it Hollânske gilde. It ferskil yn ynsjoch oer de ynhâld fan de oplieding en de manier van eksaminearing blykte lykwols net oer te sljochtsjen en yn 2003 waard ít beslút nommen ûnôfhinklik fierder te gean.[5][6]

Oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oplieding wurdt folge op in lesmûne, dêr't men gemiddeld in deidiel yn de wike fan in learmaster de teory en praktyk fan it betsjinjen fan in mûne ûnderwiisd krijt. Ek rint de learling in oantal staazjes op oare mûnen mei oare funksjes. De oplieding duorret minimaal oardel jier. Dat hat net sasear te krijen mei de swierte fan de oplieding as mei it feit dat alle foarkommende waartypes in kear meimakke wurde moatte. As de learmaster de learling der klear foar achte binne wurdt in eksamen holden yn op de lesmûne. De eksamenkommisje bestiet út de eigen learmaster en twa ûnôfhinklike ekaminators.[7] Hjiryn leit in grut ferskil mei it Gilde van Vrijwillig Molenaars dat syn eksmaen ôfnimme lit troch in kommisje fan De Hollandsche Molen op in foar de learling frjemde eksamenmûne. Fierder leit it Gilde van Vrijwillig Molenaars mear it aksint op teoretyske kennis, eat dat by it Gild Fryske Mounders fan minder belang achte wurdt as de praktyske feardichheden. Dit wurdt werjûn yn it motto fan de feriening Wis yn'e wyn. Gjin fan beide opliedings en diploma's (of tsjûchskriften) binne offisjeel erkend troch de Nederlânske oerheid, it is oan de mûne-eigner of -behearder wa't talitten wurdt om mûnder te wêzen op syn mûne. Ek bûten Fryslân kin men terjochte mei in diploma fan it Gild Fryske Mounders, al is in getúchskrift fan it Gilde van Vrijwillig Molenaars dêr breder akseptearre.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Gebrek aan geld legt restauratie Friese molens aan banden
  2. Samenwerking tussen molenaarsgildes vrijwel zeker van de baan
  3. Gilde haalt 150-ste molenaar binnen
  4. Vrijwillige molenaars stappen bijelkaar
  5. Examen splijt eenheid gilde molenaars
  6. LC-20030506 Tweespalt in de wind
  7. Oplieding