Gerard Heymans

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gerardus Heymans)
Gerard Heymans
Gerard Heymans yn 1906
Gerard Heymans yn 1906
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 17 april 1857
berteplak Ferwert
stoarn 18 febrewaris 1930
stjerplak Grins
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt filosoof en psycholooch
aktyf as heechlearaar
bekendste
  wurk(en)
Die Gesetze und Elemente des wissenschaftlichen Denkens,
Einfürhrung in die Ethik (1914).

Gerardus (Gerard) Heymans (Ferwert, 17 april 1857 - Grins, 18 febrewaris 1930) wie in Nederlânsk filosoof en psycholooch.[1] Heymans wurdt sjoen as ien fan de wichtichste filosofen fan Nederlân en as de grûnlizzer fan de Nederlânske psychology.[2][3][4] It oprjochtsjen fan it psychologysk laboratoarium yn 1892 wurdt markearre as de start fan de eksperimintele psychology yn Nederlân.[5] Fan 1890 ôf wie er heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins (RUG) yn de filosofy mei as learopdracht ûnder oare de sielkunde, in funksje dy 't er oant 1928 ferfolle. Ek wie er rektor magnifikus fan de RUG yn it kolleezjejier 1908 -1909.[6]

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heymans waard berne yn Fryslân as soan fan de gemeentesekretaris Jan Heijmans en syn frou Sara Wijsman. Hy gie yn Ljouwert nei de HBS en studearre dêrnei rjochten en wiisbegearte oan de Universiteit fan Leien dêr 't er lid wie fan it Leidsche Studenten Corps.[3] Yn 1880 promovearre er yn 'e steatswittenskippen. Dêrnei folge er wiisbegearte oan de universiteit fan Freiburg dêr 't er yn 1881 op promovearre. Yn datselde jier troude er yn Leien mei Anthonia Barkey.[1] Hy krige wurk as repetitor, ien dy 't studinten helpt tarieden foar eksamens, en dêrnei as privaatdosint yn de wiisbegearte oan de Universiteit fan Leiden.[2]

Yn 1890 waard Heymans beneamd as heechlearaar oan de fakulteit Letteren en Wijsbegeerte oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy soe lesjaan yn 'e wiisbegearte en de sielekunde. Hy en syn frou wennen earst yn in hearehûs oan de Stasjonsstrjitte yn Grins dêr 't Heymans yn 1892 syn psychologysk laboratoarium opsette. Yn 1894 kamen hja yn ’e filla oan ’e Ubbo Emmiussingel te wenjen dy ’t hja ûntwerpe litten hiene troch H.P. Berlage.[7] Fan 1908 -1909 wie Heymans rektor magnificus fan de RUG. Yn syn speech sketste er in takomst fan in psychology mei in protte maatskiplike wearde.[8] Yn it jier dêrnei, yn 1910, stoar syn frou Anthonia.

Yn 1909 krige Heymans in grutte kolleezjeseal en romte foar syn laboratoarium tawiisd.[5] Syn kolleezjes wiene populêr en lutsen ek in soad studinten fan oare stúdzjes, heechleararen en oare ynteressearren.[3] Heymans hat dêrom syn kolleezjes ek wol twa kearen jaan moatten.[5] Heymans bleau troch syn akademyske karriêre boeken en artikels publisearjen binnen ferskate fakgebieten fan 'e filosofy en psychology. Yn 1926 wie er foarsitter fan it Ynternasjonaal Kongres fan Psychology dat doe yn Grins hâlden waard. Uteinlik gie Heymans yn 1927 mei pensjoen. Trije jier letter ferstoar er neidat syn sûnens hurd achterút gien wie.[5]

Heymans ûnderhold in soad goede freonskippen, sa ek mei oare heechleararen. Hy makke bygelyks geregeld lange kuiers mei J. C. Kapteyn, in bekende astronoom en wie er goede freonen mei Enno Wiersma, heechlearaar psychiatry en neurology, wêrmei 't er ek meardere ûndersiken die.[3] Dêrneist ûntfongen hy en syn frou faak besite en útfanhuzers lykas Sebald Steinmetz, in Nederlânske sosjolooch, en syn frou dy 't er yn syn studintetiid yn Leiden kennen leard hie.[9]

Heymans hat ek lid fan meardere ferieningen west. Sa wie er bygelyks fan 1900 ôf lid fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW ). In jier nei de Earste Wrâldoarloch sei syn lidmaatskip lykwols op om 't er fûn dat de Akademy him net neutraal genôch opstelde tsjinoer wittenskippers út Dútslân en Eastenryk.[5] Yn 1919 waard Heymans de earste foarsitter fan de Studievereniging voor Psychical Research (SPR ). Dit is de Nederlânske fariant fan de Society for Psychical Research dy 't yn 1882 yn Grut-Brittannië oprjochte is.[10] Hy luts him in pear jier letter lykwols werom omdat der binnen de feriening te min belangstelling wie foar wittenskiplik ûndersyk.[1]

Yn it bûtenlân wie Heymans ek in bekend psycholooch. Hy krige in soad oanbiedingen fan binnen- mar ek bûtenlânske universiteiten, lykas dy fan Bonn en Berlyn.[2] Dêrneist krige Heymans ek meardere ûnderskiedingen. Sa waard er Kommandeur yn de Oarder fan Oranje Nassau en wie er earelid fan The British Psychological Society.[2][11]

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Figuer 1.

Heymans skreau meardere boeken en essays en publisearre geregeld yn de Gids. Dêr skreau er oer ûnderskate tema's en ek syn proefskrift waard hjiryn opnommen.[5]

Filosofy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heymans woe in filosofysk systeem opbouwe basearre op in empiryske metoade. By syn oanstelling as heechlearaar giet er dêrom ek yn op it eksperimint yn 'e filosofy. Feiten moatte it startpunt wêze foar filosofyske analyzes.[4] Hy tocht net dat alles út de ûnderfining ôflaat wurde koe, lykas bygelyks logyske wetten.[2]

Psychysk monisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heymans hold him ek dwaande mei filosofy fan de geast. Syn boek Einführung yn dy Metaphysik giet oer it lichems-geast probleem. Heymans stelde in foarm fan psychysk monisme út; de werklikheid bestiet út de geast.[2] Dat is yn tsjinstelling ta it materialistysk monisme dat der fan út giet dat alles úteinlik út matearje bestiet.[12] Heymans ' teory is fergelykber mei it panpsychisme en hy waard hjirby beynfloede troch Gustav Fechner. Heymans beärgumintearre dat alles ûnderdiel is fan ien Wrâldbewustwêzen en dat alles mei-inoar ferbûn is.[13][14] Ek hjir gie Heymans út fan de mooglikheid om it bewustwêzen mei de empiryske metoade te ûndersykjen. Syn boek waard goed ûntfongen troch it gruttere publyk en oare filosofen.[3] William James neamde it bygelyks " a masterpiece of clear composition".[2][15]

Figuer 2. Opstelling foar it parapaparologysk ûndersyk troch Heymans

Psychology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heymans wie oansteld as heechlearaar om les te jaan yn 'e skiednis fan 'e wiisbegearte, logika, metafysika, etika, estetika, en de sielekunde. Heymans sels brûkte leaver de term psychology as er it oer sielkunde hie.[3]

Algemiene psychology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heymans fergelike psychology faak mei de natuerkunde. Hy wie derfan oertsjûge dat foar psychology ek wetten formulearre wurde koene en dêrom die er in soad ûndersyk nei algemiene psychologyske prosessen. Hy waard hjiryn sterk beynfloede troch de psychology yn Dútslân.[5] Heymans begûn dan ek mei ûndersyk nei psychyske remming. In foarbyld dêrfan is dat ast lichte pine hast yn 'e linkerearm, mar in slimmere pine fielst yn 'e rjochter, wurdt de pine yn 'e linkerearm ferstomme.[16] Hy basearre syn ûndersyk op eardere resultaten fan Weber en Fechner, twa fysiologen út Duitslân bekend fan de Weber-Fechner wet.

Heymans die ek in protte ûndersyk nei fisuele yllúzjes. De bekendste foarbylden binne de Müller-Lyer en de Zöllner yllúzje. Troch hjir eksperiminteel ûndersyk nei te dwaan woe er de ferskate ferklearringen fan oare psychologen en dy fan him sels teste.[3][5] Hy ûntwurp ferskillende opstellingen wêrby't proefpersoanen oanjaan moasten wannear't sy tochten dat de linen like lang (Müller-Lyer) of lykrinnend (Zöllner) wiene. Hy publisearre beide ûndersiken, nei yllúzjes en remming, yn it Zeitschrift für Psychologie.[3]

Spesjale psychology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wêr't algemiene psychology him rjochtet op algemien jildende psychologyske prosessen, rjochtet spesjale psychology (of differinsjele psychology) him op de ferskillen tusken minsken.[17] Ek hjir, yn de persoanlikheidspûkology, hat Heymans in grutte ynfloed hân. Eysenck, in Britske persoanlikheidspycholooch, neamde him dêr bygelyks de grûnlizzer fan.[18] Heymans wie nammentlik de earste psycholooch dy 't in typology, in klassifikaasje fan persoanlikheidstypes, basearre op empirysk ûndersyk.[2] Dizze typology wurdt ek wol de Kubus fan Heymans neamd (sjoch figuer 1). Dy bestiet út acht typen op basis fan trije ferskillende diminsjes.[19] Heymans basearre syn typology op de biografyen fan bekende persoanen, lykas Goethe en Napoleon], en op enkêteûndersyk.[3]

Parapsychology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ein njoggentjinde, begjin tweintichste iuw, wie der binnen de psychology ek in soad ynteresse nei parapsychology (doe psychikal research neamd). Bekende psychologen lykas William James, Alfred Binet, Francis Galton en ek Heymans hiene ynteresse yn of diene ûndersyk nei parapsychology.[5] Tusken 1920 en 1923 hat Heymans ûndersyk dien nei telepaty mei de studint Van Dam as proefpersoan. Figuer 2 lit de proefopstelling sjen, wêrby 't Van Dam achter it gerdyn siet en sinjalen opfange moast fan de proeflieder dy 't yn syn gedachten de hân fan de proefpersoan late.[5][20]

Psychologysk laboratoarium[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Figuer 3. It psychologysk laboratoarium fan Heymans yn 1923.

It psychologysk laboratoarium fan Heymans begûn yn 1892 as keamer yn syn hûs oan de Stasjonsstrjitte yn Grins. Foar de bou fan de filla oan de Ubbo Emmiussingel waard rekken hâlden mei it laboratoarium. De romte lei oan de wetterkant en hie ekstra dikke muorren om safolle mooglik lûd tsjin te hâlden.[21] Oant 1909 ta fierde Heymans hjir syn eksperiminten út mei syn frou as wichtichste proefpersoan. Foar syn eksperiminten hat Heymans in grutte kolleksje oan apparaten kocht of meitsje litten.[5] Se wiene yn earste ynstânsje kocht foar edukaasje en demonstraasjes, bedoeld om psychologyûnderwiis oantreklik te meitsjen. De measte fan dizze apparaten wiene foar ûndersyk nei sintúchlike waarnimming.

Doe 't it Akademygebou yn 1906 foar in grut part troch brân ferwoeste wie, waarden der gau plannen makke foar in nij gebou. Yn dit nije gebou soe ek romte beskikber komme foar it laboratoarium fan Heymans.[8] De romte dy 't Heymans krige, bestie út in grutte kolleezjeseal en fjouwer wurklokalen. Ien fan dy lokalen wie spesjaal ynrjochte foar fisuele en auditive eksperiminten. Der waarden no ek mear praktika jûn en studinten koene eksperiminten replisearje en meidwaan as proefpersoan.[5]

Yn 1927 joech Heymans de lieding oer oan syn eardere lab-assistint en op dat stuit lektor pedagogyk Henri Brugmans.[5][22] Oant 1956 siet it lab yn it Akademygebou fan de RUG.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heymans hat yn syn libben in soad artikels skreaun en meardere boeken. Syn bekendste boeken binne:

  • 1905. Einführung in die Metaphysik
  • 1909. De toekomstige eeuw der psychologie. Rede uitgesproken bij de overdracht van het rectoraat van de RUG
  • 1914. De oorlog en de vredesbeweging
  • 1914. Einführung in die Ethik auf Grundlage der Erfahrung
  • 1915. Die Gesetze und Elemente des wissenschaftlichen Denkens, Ein Lehrbuch der Erkenntnistheorie in Grundzügen
  • 1915. Het psychisch monisme

Ferneamd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Figuer 4. Tinkkream fan it Akademygebou fan de RUG mei Gerard Heymans rjochts op de foargrûn

Foaral yn Grins wurdt erkenning jûn oan Heymans en is der in soad nei him ferneamd, sa as:

  • it Heymansgebou fan de RUG dat brûkt wurdt as it haadgebou foar psychology
  • it Heymans Instituut wêrûnder it psychologysk ûndersyk oan de RUG dien wurdt[23]
  • de Heymanszaal yn it Akademygebou fan de RUG.
  • de Heymansleane (ek yn Rotterdam is in strjitte nei Heymans neamd )

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 H.G. Hubbeling, HEIJMANS, Gerardus (1857-1930). Biografisch Woordenboek van Nederland (12-11-2013). Geraadpleegd op 25 september 2022.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 2,5 2,6 2,7 D. Draaisma, H. G. Hubbeling, F. van Raalten, P. J. van Strien, H. G. van der Veen, J. Venster, en J. J. van der Werff, Gerard Heymans, objectiviteit in filosofie en psychologie. Het Wereldvenster (1983). ISBN 9029397977.
  3. 3,0 3,1 3,2 3,3 3,4 3,5 3,6 3,7 3,8 V. Busato, M. van Essen en W. Koops (Eds.)., Vier grondleggers van de psychologie : G. Heymans, F. Roels, G. Révész, J. Waterink (Ser. Pioniers van de Nederlandse gedragswetenschappen, [dl. 1]).. Uitgeverij Bert Bakker (2013). ISBN 9789035137936.
  4. 4,0 4,1 Ten Have, T. T. (1947). Essentials of Heymans' philosophy. Synthese 5(11-12): 526–541.
  5. 5,00 5,01 5,02 5,03 5,04 5,05 5,06 5,07 5,08 5,09 5,10 5,11 5,12 Een laboratorium voor de ziel: Gerard Heymans en het begin van de experimentele psychologie, Douwe Draaisma (Ed.). Utjouwer: Historische Uitgeverij Groningen, 1992 ISBN=9065544909
  6. Catalogus Professorum Academiae Groninganae. Gerardus Heymans. https://hoogleraren.ub.rug.nl/hoogleraren/250-heymans-gerardus
  7. Gerard Heymans, pionier van de experimentele psychologie. De verhalen van Groningen. Geraadpleegd op 25 september 2022.
  8. 8,0 8,1 Gerard Heymans (1857-1930). Rijksuniversiteit Groningen (25 juni 2003). Geraadpleegd op 26 september 2022.
  9. E.W. Hofstee, Steinmetz, Sebald Rudolph (1862-1940). Biografisch Woordenboek van Nederland (12-11-2013). Geraadpleegd op 27 september 2022.
  10. Society for Psychical Research - Nederland | DutchSPR - Studievereniging voor Psychical Research: wetenschappelijke parapsychologie in Nederland. 26 septimber 2022.
  11. https://facsimile.ub.rug.nl/digital/collection/tijdschrift/id/3807
  12. https://plato.stanford.edu/entries/physicalism/
  13. https://corhermans.nl/books-and-chapters/gerard-heymans/
  14. Van Strien, Pieter, Nederlandse psychologen en hun publiek: een contextuele geschiedenis.. Van Gorcum (1993).
  15. Le Clair, R. C. (ed.), The letters of William James and Théodore Flournoy. University of Wisconsin Press (1966), s. 168.
  16. DBNL, Jan Bank en Maarten van Buuren, 1900. Hoogtij van burgerlijke cultuur · dbnl.27 september 2022.
  17. Bos, J., & Kloosterman, I. (2013). Kars Dekker, Gerard Heymans, Grondlegger van de Nederlandse psychologie. BMGN - Low Countries Historical Review, 128(1), review 6. https://doi.org/10.18352/bmgn-lchr.8223
  18. Eysenck, H.J. (1992). A hundred years of personality research, from Heymans to modern times. Twelfth Duijker Lecture. Houten, The Netherlands: Bohn Stafleu Van Loghum.
  19. Van der Werff, J. J. (1985). Heymans' temperamental dimensions in personality research. Journal of Research in Personality, 19(3), 279–287. https://doi.org/10.1016/0092-6566(85)90019-4
  20. Paul Dietz, Prof. Heymans als Parapsycholoog. Het Vaderland: Staat- en Letterkundig Nieuwsblad (4 maart 1930).
  21. https://www.rug.nl/museum/history/prominent-professors/gerard-heymans-(1857-1930)
  22. https://www.rug.nl/gmw/erfgoed/pages/brugmans-erfgoed
  23. https://www.rug.nl/research/heymans-institute/