Georgia O'Keeffe

Ut Wikipedy
Georgia O'Keeffe
keunstner
Georgia O'Keeffe
Georgia O'Keeffe
persoanlike bysûnderheden
echte namme Georgia Totto O'Keeffe
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 15 novimber 1887
berteplak Sun Prairie
stoarn 6 maart 1986
stjerplak Santa Fe
wurkpaad
wurksum as Keunstskilder
streaming Presisjonisme
jierren aktyf 1912-1986
Georgia O'Keeffe, hands 1918, foto fan Alfred Stieglitz
Georgia O'Keeffe, 16 augustus 1950

Georgia Totto O'Keeffe (Sun Prairie (Wiskonsin), 15 novimber 1887 - Santa Fe (Nij-Meksiko), 6 maart 1986) wie in Amerikaansk keunstskilder.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Georgia O'Keeffe krige tige algemien erkenning foar har technyske bydragen oan de skilderkeunst en ek foar har útdaagjende ferkenning fan de grinzen fan de moderne Amerikaanske keunststyl.

Hja hat troud west mei fotograaf en galeryhâlder Alfred Stieglitz.

Op 13 jannewaris 1977 ûntfong hja út hannen fan presidint Gerald R. Ford de Presidential Medal of Freedom, de heechste ûnderskieding dy't in Amerikaansk steatsboarger krije kin.

1985 krige hja de yn dat jier foar it earst útrikte National Medal of Arts, de heechste ûnderskieding dy't in keunstner yn de Feriene Steaten krije kin.

Skilderstyl[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

O'Keeffe is in wichtich persoan yn de Amerikaanske keunst fan 1920 ôf. Har wurk hat in wichtich plak yn de Amerikaanske skilderkeunst en leit op de grins fan abstrakte keunst en realistyske keunst.

Underwerpen dy't faak weromkomme yn har wurk binne blommen, rotsen, skelpen, bisten, bonken en lânskippen. Har skilderijen stelle kontoeren en foarmen foar dy't subtile toanen yn in ferskaat oan kleuren hawwe. Faak ferfoarme hja har ûnderwerp yn krêftige abstrakte ôfbylden. Sy hat in wichtige rol spile yn it oerbrongen fan de Amerikaanske keunststyl nei Europa yn in tiid dat de measte ynfloed de oare kant út gie.

O'Keeffe is dêrmei ien fan mar in pear froulju dy't op dat nivo profesjonele ynfloed hân hat. Sy fûn benammen artistike ynspiraasje yn Nij-Meksiko, dêr't hja har letter ek festige.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • O’Keeffe, Georgia, Georgia O’Keeffe, New York: Viking Press, 1976 ISBN 0-670-33710-2
  • Lovingly, Georgia: The Complete Correspondence of Georgia O'Keeffe & Anita Pollitzer (ed C.Giboire).Touchstone Books 1990 ISBN 978-0-671-69236-0

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]