Geesbrug

Ut Wikipedy
Geesbrug
Polityk
Provinsje Drinte
Gemeente Coevorden
Sifers
Ynwennertal 1404 (1 jannewaris 2014)
Oar
Postkoade 7917
Koördinaten 52° 44' NB, 6° 38' OL

Geesbrug (Nedersaksysk: Giesbrugge) is in doarp yn de gemeente Coevorden (foar 1998 gemeente Oosterhesselen) yn de Nederlânske provinsje Drinte oan de Verlengde Hoogeveense Vaart. Op 1 jannewaris 2014 hie it likernôch 1404 ynwenners.

Omskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Geesbrug is in doarp dat ûntstien is nei it oanlizzen fan de Verlengde Hoogeveense Vaart yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw yn it feangebiet fan de doetiidske gemeente Oosterhesselen. Alle seis brêgen oer it kanaal hinne dy't yn de gemeente leine, waarden neamd nei it doarp dat it tichtst by lei of dêr't de brêge ta late. De meast westlike fan de seis brêgen waard nei it sândoarp Gees neamd. By dy brêge ûntstie in útbuorren, dat him nei de Twadde Wrâldkriich ûntjoech as it doarp Geesbrug. Dêrfoar waard it ek wol oantsjutten as Zwinderscheveen, Zwinderscheveld of Geeserveld.

Dêrtroch binne der mar in bytsje âlde gebouwen yn it doarp, útsein in pear monumintale pleatsen. It doarp ûntjoech him pas nei de Twadde Wrâldkriich, doe't der nijbouwiken bykamen. Der binne mar in pear foarsjennings: sportfjilden, fuotbalklup VCG, in iepenbiere en in protestantsk-kristlike legere skoalle, in supermerk en in kafee. Der binne lykwols wol in stikmannich bedriuwen fêstige op it bedriuweterrein besúdwesten it doarp, bylâns de A37. Healwei it doarp en it bedriuweterrein stiet tusken de lintbebouwing in lytse, mar moaie Nederlânske herfoarme tsjerke fan Geesbrug út 1912. It gea om it doarp hinne skaaimerket him troch lânbougrûn, mei allinne oan de súdkant fan it doarp lytse stikken bosk. Benoarden it doarp leit de 1600 bunder grutte Boskwachterij Gees.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Plakken en buorskippen yn de gemeente Coevorden
Flagge fan de gemeente Coevorden
Stêd: Coevorden
Doarpen: AaldenAchterste ErmBenneveldDalenDalerpeelDalerveenDe KielDiphoornEldijkErmGeesGeesbrug't HaantjeHolslootLangerakMeppenNieuwe KrimNieuwlande (foar in part) ● Noord-Sleen · OosterhesselenSchoonoordSleenSteenwijksmoerStieltjeskanaalVeenhuizenWachtumWezupWezuperbrugZweelooZwinderen