Galamadammen

Ut Wikipedy
Galamadammen
Sicht op e Galamadammen fan De Moarre ôf
Sicht op e Galamadammen fan De Moarre ôf
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest Fryslân
himrik Koudum
Oar
Postkoade 8723
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 54' NB, 5° 28' EL
Offisjele webside
www.koudum.nl
Kaart
Galamadammen (Fryslân)
Galamadammen

Galamadammen is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Galamadammen leit súdeastlik fan Koudum by it akwadukt yn it Johan Frisokanaal. Hy leit op it plak dêr't de Moarre en de Fluezen by inoar komme oan de dyk Balk-Koudum. Der is ek in grutte jachthaven by en in hotel-restaurant.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Herberch en brêge Galamadammen, foar 1940

Oarspronklik leinen der dammen yn de âlde binnendyk dy't neamd binne nei de famylje Galama.

Op 12 septimber 1572 waard de bluodderige Slach by de Galamadammen útfochten dêr't de geuzen troch Spaanske troepen ûnder lieding fan Caspar de Robles ferslein waarden.

Yn 1732 kaam der in skutslûs yn de doe oanleine slieperdyk.

Nei 1835 sieten der twa beweechbere brêgen yn de dyk nei Starum.

Yn 1945 is it âlde tolhûs ôfbaarnd.

Der soenen noch klokken yn de mar lizze fan it âlde Sint Odulfuskleaster.

Galamadammen wurdt noch neamd yn J. van Lennep syn "Roos van Dekama". Hy jout dêr in koartswilige ferklearring fan de namme as 'gala-madammen'. De namme komt fan de aadlike famylje Galama.

Akwadukt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Akwadukt Galamadammen yn oanbou

Galamadammen is ek de namme fan it akwadukt op de krusing fan de N356 en it Johan Frisokanaal. De bou begûn desimber 2005 en wie klear yn 2007. It akwadukt bestiet út in súdeastlike ôfreed fan 193 m, in ticht tunneldiel fan 73 m en in noardwestlike ôfreed fan 203 m. Mei inoar 469 m.

It akwadukt hat twa rydbanen en in fytspaad. Boppe de noardwestlike ôfreed is in fuotgongersbrêge. Ut it neistlizzende hotel wei kin sa de provinsjale dyk oerstutsen wurde, yn de rjochting fan de jachthaven. Bylâns de súdlike ouwer fan it Johan Frisokanaal komt in ekosône. Bisten krije sa de gelegenheid om de provinsjale dyk oer te stekken.

It tichte diel is útfierd as sinktunnel, sadat it krusende wetterferkear sa min mooglik lêst hat fan de bou-aktiviteiten. De besteande fytstunnel oan de súdeastkant wurdt sloopt en de besteande fytstunnel oan de noardkant (ek tunnel Galamadammen neamd) bliuwt bestean. As it akwadukt ienkear klear is wurdt de ophelbrêge ek sloopt.

Galamadammen yn sifers:

  • tal heipeallen; 282
  • tal liuwankerpeallen; 107

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]