Frysk Fanfare Orkest

Ut Wikipedy

It Frysk Fanfare Orkest bestiet út sa'n fyftich muzikanten út Fryslân. De muzikanten spylje neist it FFO yn ien of mear pleatslike ferienings. Doel is it promoatsjen fan âlde en nije orizjinele fanfaremuzyk. De feriening waard oprjochte yn 1983 yn Ljouwert mei Jouke Hoekstra as muzikaal lieder. Neist premiêres fan Nederlânske komponisten hawwe ek bûtenlânske komponisten wurken skreaun foar it orkest.

Yn binnen- en bûtenlân die it FFO mei oan meardere festivals en konserten. Meardere kearen waard it heechste resultaat foar fanfareorkesten op it Wrâld Muzyk Konkoers yn Kerkrade helle. In oantal kearen waard meidien oan de ynternasjonale WASBE-konferinsjes. It orkest wurdt ek faak frege foar radioprogramma’s om de orizjinele fanfaremyzyk te promoatsjen en hat yn 2010 in tweintichtal CD’s op syn namme stean.

Yn 1994 krige it Frysk Fanfare Orkest de Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân.

Diriginten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Konsertreizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Lân Plak
1988 flagge fan Dútslân Internationales Musikfestival yn Rastede (Nedersaksen)
1989 flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Konferinsje fan de World Association for Symphonic Bands and Ensembles (WASBE) yn Manchester
1993 flagge fan Dútslân Galakonsert by de Musikverein Haaren e.V. yn Haaren (Waldfeucht)
1997 Konsertreis troch de Feriene Steaten
2002 flagge fan Eastenryk Galakonsert by it Mid-Europe-Festival foar blaasorkesten yn Schladming (Eastenryk)
2003 flagge fan Portegal Internationale festival Sociedade Euterpe Alhandrense yn Alhandra
2004 flagge fan Estlân Emajöe Suvi Festival yn Tartu (Estlân)
2005 flagge fan Singapore Konferinsje fan de World Association for Symphonic Bands and Ensembles yn Singapore
2008 flagge fan Portegal Konsertreis Portugal mei optredens yn Tomar, Alhandra en Leiria fan 4 july oant 11 july 2008


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: