Fragmint fan Muratori

Ut Wikipedy
De lêste side fan 'e Canon Muratori.

It Fragmint fan Muratori, ek wol bekend as de Canon Muratori, is in kopy fan wat faaks de âldste oerlevere list fan kanonike geskriften fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel is. It fragmint, dat bestiet út 85 regels tekst, is in Latynsktalich hânskrift út 'e sânde iuw, dat ynbûn is yn in sânde- of achtste-iuwske kodeks út 'e librije fan it kleaster fan Kolumbanus te Bobbio, yn noardlik Itaalje.

Op grûn fan eigenaardichheden yn 'e tekst mei oannommen wurde dat it in kopy is fan in oersetting út it Gryksk, dy't datearre wurde kin yn 'e perioade tusken 170 en de fjirde iuw. Sawol de minne tastân wêryn't it hânskrift ferkeart, as it kneukelhouwerige Latyn wêryn't it skreaun is, hawwe it dreech makke om it goed oer te setten. It begjin mist en it einiget tige abrupt, wat de reden is dat it as in fragmint fan in langere tekst beskôge wurdt.

It fragmint is in list fan alle nijtestamintyske geskriften wêrfan't de anonime skriuwer wist dat se troch ien of mear fan 'e yn syn tiid besteande tsjerken as kanonyk beskôge waarden. It fragmint waard yn 'e Biblioteca Ambrosiana te Milaan ûntdutsen troch (en is dêrom neamd nei) de roomske preester Ludovico Antonio Muratori (1672-1750), de meast ferneamde Italjaanske histoarikus fan syn generaasje, dy't it yn 1740 publisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, Other sources en Further reading, op dizze side.