Floater (follybal)

Ut Wikipedy

In floater is in term út it follybal. Wannear't by de opslach de bal sa rekke wurdt dat dy net, of mar tige stadich draait, kin de bal horizontaal en/of fertikaal ôfwike fan de "logyske" baan sûnder dat dat foarôf te sjen is. Dêrtroch is foar it team dat de bal opheine moat dreech om dy bal ûnderskeppe te kinnen.

Der binne ferskate mooglike ferklearings foar dat ferskynsel:

  • de bal is net suver rûn, mooglik mei feroarsake troch it fentyl;
  • it swiertepunt leit net eksakt yn de midden fan de bal, nei alle gedachten mei feroarsake troch de oanwêzigens fan it fentyl;
  • troch it slaan tsjin de bal ferfoarmet dy en kriget it dêrtroch oare aerodynamyske eigenskippen.

By de hjoeddeistige generaasje follyballers is it ferskil yn 'rûnens' tige lyts, ek it swiertepunt leit sa goed as yn de midden fan de bal. De útlis dy't der nei alle gedachten by heart, sil dan ek earder socht wurde yn de aerodynamika as yn ien fan de oare punten.

De fuotballer Roberto Carlos út Brazylje waard wrâldferneamd mei in frije traap dêr't de bal by ek ynienen fan syn baak ôfwykte. Yn feite is dat ek in floater, hoewol't je yn it fuotbal meastentiids sprekke fan in fentyltraap - dat omdat de plak fan it fentyl op it stuit fan de traap foar it wichtich part bepaalt oft de bal begjint te 'floaten' of net.