Flechtleaze fûgel

Ut Wikipedy
Pinguins.

In flechtleaze fûgel is fûgel dy't fan natuere net oer it fermogen beskikt om te fleanen. Koartwjukte fûgels dy't mei sin dat fermogen troch minske ûntnommen is sadat se net fuortfleane kinne, falle net ûnder dit begryp. Oft hinnen oantsjut wurde kinne as flechtleaze fûgels is twifelich. De domestisearre hin hat troch it proses fan domestikaasje it fermogen ferlern om langere ôfstannen te fleanen, mar syn wylde foarfaar, de reade kaamhin, is dêr wol ta yn steat.

Flechtleaze fûgels wurde faak lykslein mei rinfûgels, mar dat doocht net, want rinfûgels binne in beskate groep flechtleaze fûgels, dy't har adaptearre hawwe ta it draven fan lange ôfstannen op lân. Foarbylden binne de strúsfûgels út Afrika, de emoes út Austraalje, de kasuarissen út Nij-Guineä en de nandoes út Súd-Amearika. Oare foarbylden fan flechtleaze fûgels binne de pinguins fan it súdlik healrûn, dy't har net oan in libben op it lân, mar krekt oan in bestean yn it wetter oanpast hawwe. Itselde gou foar de no útstoarne grutte alk fan 'e noardlike Atlantyske Oseaan.

Flechtleaze fûgels binne gauris evoluëarre op in eilân of in eilannegroep, dêr't fan oarsprong gjin rôfdieren libben dy't fan har ûnfermogen om fuort te fleanen profitearje koene. Sadree't de minske sokke eilannen lykwols berikte, kamen sokke spesjalisearre fûgelsoarten yn 'e swierrichheden, itsij troch opsetlike of ûnopsetlike útrûging troch de minske sels, itsij trochdat de minske opsetlik of by fersin eksoatyske bisten op sokke eilannen yntrodusearre dy't dan de flechtleaze fûgels sels opfrieten (lykas katten) of harren aaien lytsman makken (lykas rotten). It skoallefoarbyld fan sa'n soarte flechtleaze fûgel is de útstoarne dodo fan Mauritsius.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.