Flamingo- en dûkereftigen

Ut Wikipedy
Flamingo- en dûkereftigen
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang: hegere fûgels (Metaves)
sûnder rang: flamingo- en dûkereftigen (Mirandornithes)
Sangster, 2005

De flamingo- en dûkereftigen (Latynske namme: Mirandornithes of ek wol Phoenicopterimorphae) foarmje in noch rangleaze taksonomyske groep fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves) en de rangleaze groep fan 'e hegere fûgels (Metaves). Ta dizze groep hearre 2 skiften fûgels, nammentlik de flamingo-eftigen (Phoenicopteriformes), lykas de (gewoane) flamingo, en de dûkereftigen (Podicipediformes), lykas de hjerringslynder.

De definiëarring fan dizze groep wie problematysk, mei't de fûgelsoarten yn 'e beide skiften alhiel net opinoar lykje. De flamingo-eftigen waarden sadwaande lange tiid by de eiberteftigen (Ciconiiformes) pleatst, dy't ek lange poaten hawwe, wylst de dûkereftigen lang op ien bulte smiten waarden mei de seedûkereftigen (Gaviiformes). Resint genetysk ûndersyk hat lykwols útwiisd dat de flamingo-eftigen en de dûkereftigen nau besibbe sustertaksons binne.

Groepsopbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • rangleas tuskentakson flamingo- en dûkereftigen (Mirandornithes)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References op dizze side.