Fjoertoer fan Warkum

Ut Wikipedy
Fjoertoer fan Warkum
bouwurk
Fjoertoer fan Warkum
Fjoertoer fan Warkum
lokaasje
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Warkum
adres Hylperdyk 4
koördinaten 52° 58' NB 5° 25' EL
bysûnderheden
type bouwurk fjoertoer
boujier 1778
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39453
kaart
Fjoertoer fan Warkum (Warkum)
Fjoertoer fan Warkum
Omkriten fjoertoer Warkum
Noardkant

De Fjoertoer fan Warkum, pleatslik ek wol It Toarntsje neamd, is de eardere fjoertoer of ljochtopstân oan de Iselmar op de Hylperdyk by de yngong nei de haven fan Warkum. De toer sels datearret fan 1643, doe't ek de dyk fan Warkum nei Hylpen oanlein waard yn it ramt fan it yndykjen fan it Warkumer Nijlân. De toer waard earst mei iken pylders boud mei in izeren plaat, dêr't de fjoerkoer op stie. De houten stellaazje waard troch in stiennen toer ferfongen mei trije ferdjippings en it byhearrende hûs waard yn 1712 boud.

Om 1880 hinne waard it iepen joer ferfongen troch in oaljelantearne. Doe't fjirtich jier letter de kustferljochting nasjonalisearre waard, bleau Warkum syn eigen fjoertoer ûnderhâlden. De toer soarge foar ynkommen, om't skippen dy't delfearen fjoer- en beakenjild betelje moasten. Mei de opbringst dêrfan waard de seeslûs ûnderholden.

Yn 1932 nei't de Sudersee ôfsletten waard, waard de oaljelantearne dôve. Der waard in line fan ljocht fan twa beakens fan glêsljochten pleatst. Dat wiene wer stellaazjes mei fjouwer poaten, lykas by de earste fjoerbeakens, dochs dy waarden fan izer makke.

Oant 1983 waard gebrûk makke fan dy gasljochten. De fjoertoerwachter klom oer in ledder twaris deis nei boppe en betsjinje de lampen mei de hân.

Yn 1984 waarden de gasljochten oernommen troch de provinsje. Hjoed-de-dei binne der elektryske ljochten dy't op sinne-enerzjy wurkje.

Tsjin de wite fjouwerkante toer stiet it hûs fan de fjoertoerwachter, silger Reid de Jong, dy't yn 2004 Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau waard. Hy wenne dêr oant syn ferstjerren yn novimber 2020 selsfooarsjend mei as iennige nutsoansluting in telefoanline dy't troch de Wehrmacht oanlein waard.

Strontrace[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ienris it jier hjerstmis wurdt de Strontrace fan Warkum nei Warmond syld en werom. Yn 2004 waard as ferrassing troch de lêste fjoertoerwachter in fjoer op de fjoertoer oanstutsen. De marifoan liet de skippers witte dat dat it beaken fan Warkum is. Dêrnei waard it elts jier dien.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Fjoertuorren yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
BornrifHarnsDe LemmerNoardertoer (Skiermûntseach)Sudertoer (Skiermûntseach)StarumBrandarisFjoerdúnWarkum