Figurant

Ut Wikipedy

In figurant (fan it Frânske figurant) is in akteur yn in toanielstik, musical, opera, operette, film, tillefyzjesearje of reklamespotsje, dy't gjin echte rol hat, mar wol sichtber en soms hearber oanwêzich is. Figuranten binne nuttich om sokke produksjes in reälistysker oansjen te jaan as in soarte fan eftergrûnfolling. Foar de eigentlike plot binne se lykwols net nedich. Lju dy't der aardichheid oan hawwe om as figurant te wurkjen, kinne har ynskriuwe litte by in audysjeburo. It meastepart fan sokke buro's freget dêrfoar gjin ynskriuwjild.

Der besteane ferskate soarten figuranten. In massafiguranten binne bygelyks op 'e eftergrûn yn in film ensfh. te sjen. Sokken wurde almeast selektearre op basis fan geslacht, lingte en âlderdom. Fierders wurdt neat fan harren frege. Ek it publyk, bygelyks by in kwis of in oar non-fiksje-tillefyzjeprogramma, kin út sokke massafiguranten bestean. In 'gewoane' figurant is krekt wat langer yn byld as in massafigurant, en it komt dêrom justjes mear op it uterlik oan. In bytsje aktearûnderfining, bgl. yn in amateurtoanielklub, is in pree.

In ealfigurant is in figurant dy't útkeazen wurdt om in talint of feardichheid. Sa'nent wurdt faak goed (mar koart) yn byld brocht en fertsjinnet twa oant trêdel kear safolle as in gewoane figurant. Ealfiguranten hawwe soms in rigeltsje tekst. In special is in figurant dy't cast wurdt om ien of mear spesifike uterlike eigenskippen, mooglik om't hy of sy sterk op in ferneamd persoan liket, of fanwegen in lichaamlike beheining dy't net of dreech neibeard wurde kin, lykas yn it gefal fan in dwerch of in albino.

Foar figurantewurk oer stiet in lege fergoeding. Faak wurde de reiskosten net fergoede en it kin ek wêze dat der gjin taslaggen binne foar iere oanwêzichheid en/of lange wurkdagen. By kontemporêne films en tillefyzjeprogramma's (wêrby't dus gjin histoaryske kostúms droegen hoege te wurden) moatte figuranten faak har eigen klean fersoargje, en soms ek har eigen make-up dwaan. De ferwachting dat figurantskip in opstapke wêze kin nei wier aktearwurk komt mar selden út. Nettsjinsteande dat binne ferskate filmstjerren harren karriêre as figurant begûn, wêrûnder Clint Eastwood, Ben Affleck en Jackie Chan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.