Fermion

Ut Wikipedy

In fermion (neamd nei Enrico Fermi) is in dieltsje dat him skaaimerket troch in healtallige spin (s=1/2, s=3/2, s=5/2, ...). Dit as tsjinstelling mei bosoanen dy't altiten in hieltallige spin hawwe. Elk subatomêr dieltsje fan it standertmodel falt yn te dielen yn ien fan dizze beide soarten.

Elemintêre fermioanen (dat binne fermioanen dy't sels net mear út oare subatomêre dieltsjes besteane, dus elemintêre dieltsjes) binne sels fierder ûnder te ferdielen yn leptoanen (bg. elektron, muon) en kwarks (de elimintêre boustiennen fan hadroanen). Omdat fermioanen in healtallige spin hawwe, foldogge se oan it útslutingsprinsipe fan Pauli, wat sizze wol dat twa fermioanen net presys deselde kwantumgetallen hawwe kinne. Dat prinsipe soarget foar ûnder oare de stabiliteit fan elektroaneskilenl. Mear yn it algemien foldogge fermioanen oan de Fermi-Diracferdieling.

Elemintêre fermioanen binne de boustiennen fan matearje. Elemintêre bosonen bringe krêften oer tusken de elemintêre fermioanen.