Ferkundigingstsjerke (Vitebsk)

Ut Wikipedy
Ferkundigingstsjerke
Lokaasje
lân Wyt-Ruslân
plak Vitebsk
koördinaten 55° 11' N, 30° 12' E
Tsjerklike gegevens
eparchy Vitebsk-Orsja
Arsjitektuer
boujier âldste muorredielen 12e iuw (mooglik noch âlder); weropbou 1993-1998
sloopjier 1961
boustyl Polotsk-arsjitektuer
monumintale status Kultureel erfgoed fan Wyt-Ruslân
monumintnûmer 212Г000089
Kaart
Ferkundigingstsjerke (Vitebsk)
Ferkundigingstsjerke

De Ferkundigingstsjerke (Wyt-Russysk: ) is in monumint fan 'e âlde Polotsk-arsjitektuer fan de 12e iuw. De tsjerke stiet yn it sintrum fan de Wyt-Russyske stêd Vitebsk op 'e lofter kant fan 'e Westlike Dvina. De tsjerke waard yn 1961 ferneatige, mar yn 'e jierren 1990 mei moderne techniken wer opboud .

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer de boudatum fan 'e tsjerke bleau gjin skriftlike ynformaasje bewarre. Neffens de meast boarnen giet it tsjerkegebou op 'e 12e iuw werom. In oerlevering wol ha dat Aleksander Nevski yn de tsjerke troude mei Paraskevija (Aleksandra) fan Polotsk.

Ynterieur

Oant 1619 bleau de tsjerke otterdoks. Yn dat jier waard de tsjerke yn opdracht fan de Poalske kening Sigismund III oerdroegen oan de Uniaten. De tsjerke rekke slim skeind yn 'e Noardlike Kriich. Der waarden yn 1714 reparaasjes útfierd en yn 1759 waard de tsjerke ferboud ta in barok gebou mei in roomsk-katolyk oansjen en klokketuorren. De tsjerke waard yn 1832 werom jûn oan de otterdokse mienskip en healwei de 19e iuw wer ferboud.

Nei de Oktoberrevolúsje waard de tsjerke sletten. Yn dy tiid wie it gebou yn gebrûk as pakhûs en dêrnei as argyf. Mear fernielings oan de eardere tsjerke fûnen plak yn de Twadde Wrâldkriich en yn 1961 joegen de autoriteiten opdracht om de tsjerke op te blazen. De ôfbraak waard lykwols net hielendal útfierd en guon dielen fan de muorren bleaune stean. Yn 1968 waard der pún ôffierd en argeologysk ûndersyk dien troch Michael Karger (1903-1976). De ruïnes waarden yn 1977 konservearre.

De tsjerke waard yn 'e jierren 1993-1998 rekonsturearre yn 'e foarm fan 'e 12e iuw neffens in projekt fan G.A. Lauretski. De noch besteande fragminten fan de oarspronklike muorre bleaune dêrby bewarre en sichtber bleaun troch't dy dielen net bepleistere binne.

Alde boufoarmen fan de Ferkundigingstsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russyske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Благовещенская церковь (Витебск)